Suffridus Hania (? - 7 april 1630) wie in rjochtsgelearde. Soan fan Galo Hania (of Hannia) en Saeck Rinia. Ut syn houlik mei Margrieth fan Arentsma waarden acht bern berne.
Suffridus wie ien fan de earste learlingen fan Henricus Schotanus, de earste rjochtslearaar oan de Fryske hegeskoalle fan Frjentsjer. Syn rjochtskennis is troch professor Marcus Lycklama huldige. Op 9 desimber 1590 waard hy ynskreaun as abbekaat oan it Hof fan Fryslân en op 10 maaie waard er oansteld as riedshear fan it Hof. Yn 1626 waard hy kurator fan de Akademy.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Rjochtshistoarikus Kategory:Frysk rjochter Kategory:Frysk bestjoerder Kategory:Kurator fan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Studint oan de Universiteit fan Frjentsjer Kategory:Fryske adel Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn 1630