left|thumb|125px|Woarm fan Susseks thumb|Grut Brittanje ± 800: Susseks oan de súdkust. It Keninkryk Susseks of Keninkryk fan de Súd-Saksen (Sūþseaxna rīce) wie in Saksyske koloanje en letter in ûnôfhinklik keninkryk fan de Saksen, oan de súdkust fan Ingelân. De grinzen fan it ryk kamen rûchwei oerien mei dy fan it eardere keninkryk fan de Regnensen en dy fan it lettere greefskip Susseks. In grut part fan it gebiet wie yn it ferline oerdutsen troch it Wâld fan Andred. Oerflak: 3,783 km2.
Koarte skiednis De stichting fan it keninkryk fan de Súd-Saksen wurdt beskreaun yn de Angelsaksyske Kronyk, dy’t seit dat yn it jier 477 Aelle , yn trije skippen mei syn trije soannen, oankaam yn in plak mei de namme Cymenshore. Ut it tiidrek 491 oant 607 binne der gjin skriftlike boarnen oer Susseks bekend.
De Saksen namen de stêd Regnum yn, it lettere Chichester, en ferdreune de oarspronklike befolking nei it westen. It Romeinske fort Anderida krigen se ek yn hannen. Aelle fan Susseks, ien fan de foarnaamste Saksyske stamhaden, wie neffens Beda de earste Bretwalda. Nei syn regear waard de betsjutting fan Susseks minder en fan 823 ôf waard it folslein oerhearske troch it keninkryk Wesseks. Susseks wie ien fan de ûnderstelde sân Angelsaksyske keninkriken, dy’t wol bekend binne as de heptargy.
Fan 895 ôf hie Susseks algeduerich te krijen mei oanfallen fan de Wytsingen (Denen) en yn 1011 wie Susseks, mei it grutste part fan Súdeast-Ingelân yn hannen fan de Denen.
Keningen fan Susseks De data, de nammen en feiten oer de earste hearskers oer Susseks (lykas ek by de oare hearskers yn de heptargy) wurde yn it generaal oannaam, bewiis ûntbrekt faak. Namme Perioade Opmerkingen Aelle 477 - 491/514 (mytyske) haadman fan de Saksen Cissa ? - (mytyske) haadman; soan fan Aelle Aethelwealh 660 - 685 1e kening fan Susseks 686 - 726 ûnder bewâld fan Wesseks |- | Nothhelm ||ALIGN="right"| 692 717 || |- | Watt ||ALIGN="right"| 692 700 || |- | Osric ||ALIGN="right"| 705 - 717 || |- | Aethelstan ||ALIGN="right"| 717 - 724 || |- | Aethelbert ||ALIGN="right"| - 740 || |- | Oswald ||ALIGN="right"| - 772 || |- | Osmund ||ALIGN="right"| 760 - 772 || |- | Aelfwald ||ALIGN="right"| 765 - 772 || |- | Oslac ||ALIGN="right"| 765 - 790 || |- | Ealdwulf ||ALIGN="right"| 765 - 791 || |- | ||ALIGN="right"| 825 - || ûnderwurpen oan Mersia Eadwine - 982
Kategory:Histoarysk lân yn Jeropa Kategory:Skiednis fan Ingelân Kategory:Angelsaksen Kategory:Keninkryk Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 477 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 860