De Rembrechtastins wie in eardere stins by Marrum, gemeente Ferwerderadiel.

Al foar 1200 wurdt de stins neamd. Yn de 12e en 13e iuw wurde yn de abtelibbens fan Mariëngaard meardere oansjenlike en aadlike ynwenners fan Marrum neamd. It is net bekend wêr't de stins "Rembrechta castellum" fan de family Rembrechta stie. Se wienen fersweagere mei de familys yn Merselum en Ondersmabuorren yn Hallum.

Kategory:Stins Kategory:Marrum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 12e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 13e iuw