It Iepenloftspul Wergea is begûn yn 1989. It spilet eltse twa jierren in stik, meast iepenloft-bewurkings fan bekende boeken of films. By de foarstellings spilet de musyk faak in grut part.

Stikken 1989 - Buorkjende Bisten, nei it boek Animal Farm fan George Orwell. 1991 - Twaspalt, nei it tekenteltsje La zizanie (Asterix en de Intrigant) oer Asterix, fan Uderzo en Goscinny. 1993 - Seks, fampiers en fergrutglêzen, in orizjineel stik dat op trije lokaasjes yn Wergea plak fûn. 1995 - De Blues Brothers, nei de film The Blues Brothers. 1997 - Kearewear, nei it boek Les jeux son fait, fan Jean-Paul Sartre. 1999 - Pocahontas, mar dan oars, in kombinaasje fan it ferhaal fan Pocahontas mei de tekenteltsjes oer Hoempa Pa, fan Uderzo en Goscinny. 2002 - 19-40-4-7-25-29, nei de film Waking Ned. 2005 - Lucky Manuelo nei de Flaamske film Iedereen Beroemd. 2009 - Cascada op basis fan wurk fan Lewis Carroll

Keppeling om utens - Webstee fan it iepenloftspul Wergea

Wergea Kategory:Teaterfoarstelling yn Fryslân Kategory:Wergea Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1989