thumb|sitewaasje 2010 Tjallingastate wie in eigenierde state dy't benoarden de doarpsterp fan Hantum yn de gemeente Dongeradiel lei.

De oarsprong is ûnbekend. Yn Hantum liket yn de lette Midsiuwen gjin stins of haadlingeposysje west te hawwen. Wol wiene der inkele eigenierde staten en wennen der yn de iere Nije Tiid in tal eallju. Op it hiem fan de eardere state binne letter âlde stiennen fûn. Om it eardere stee stiet noch in beamsingel, hjirop leit ek sportkompleks “Yn ’e Bedelte”.

Eigeners/Bewenners 1450 NN Tjallinga en Sytthia Tammema Pybe Kempema en Thede Tjallinga Altzie te Lytsewier (Altzie Tjallinga) fam. Fan Hettinga 1640 Johan fan Hettinga 1698 Johan fan Idsingea en Sytse Teeckes; brûker Hendrick Hendrixs 1728 Johan fan Idsinga 1832 Lambertus Dorhout

Kategory:Hantum Kategory:State Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dongeradiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 19e iuw