thumb|Rintjema 1970 thumb|Rintjema 2010 Rintjemastins, ek: Rintjema Groot Stins of Riemkema te Hantumhuzen yn de gemeente Dongeradiel stie oan de wei nei Wierum. Fan de stins en letter state is neat werom te finen, yn 2010 stiet op it stee in pleats.

Nei alle gedachten ûntstien yn de 14e en 15e iuw. Yn de 13e iuw wurde faker ynwenners neamd út Hantumhuzen. Sa wienen om it jier 1200 in Hessel en Wibrand fan Hantumhuzen besibbe oan de Ljouwerter eallju Jelgera fan Jelgerhuis en Cammingha fan Cambuur. Oan it begjin fan de 15e iuw wurde Thiallama huse en Ulfarda huse neamd, tagelyk mei Jield Elingha, grif wenjend op Elinga. Oare aadlike huzen wienen Popta en Rintjema. Yn 1664 waard ek Banga (FC1) as edele state oanjûn, mar in stins of midsiuwsk lânhûs wurdt dêr net neamd.

Rintjema wurdt yn 1543 as Rynthyma zate neamd. Yn 1511 ferpachte Rentske Antez te Kollum it goed oan Pybe Rentzie(ma). Yn 1543 waard út dit goed in rinte fan fiif arentsgûnen betelle oan de pastorije fan Hantumhuzen.

Eigeners/bewenners 1511 Rentske Antez te Kollum eigener, Pybe Rentzie(ma) brûker 1617 Lieuwe fan Wytsma 1698 Bote Roelofs 1728 Harmen Idses 1822, 1832 Ids Pieters Idsinga

Kategory:Hantumhuzen Kategory:Stins Kategory:State Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Dongeradiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 14e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 19e iuw