In bisdom is in tsjerklik bestjoersdistrikt dat bestjoerd wurdt fan in biskop. Dy territoariale yndieling wurdt brûkt yn ferskate kristlike groeperingen, lykas de Roomsk-katolike, Otterdokse, Aldkatolike, Anglikaanske en Lutherske Tsjerke.
Fryslân De Fryslannen binne ferdield oer ûnderskate bisdommen: West-Fryslân falt ûnder it bisdom Haarlim-Amsterdam. Westerlauwersk Fryslân en Grins en Ommelannen falle mei Drinte en de Noardeastpolder ûnder it bisdom Grins-Ljouwert. East-Fryslân falt foar in part ûnder it bisdom Osnabrück en foar in part ûnder it bisdom Münster. Noard-Fryslân en it Hilgelân falle ûnder it aartsbisdom Hamburch.
Alde bisdommen Bisdommen dy't eartyds foar in part yn de Fryslannen leinen: Bisdom Bremen
Sjoch ek Prinsbisdom Utert en biskoppen fan Utert
br:Diosez