It moalstokje (Ambrosia artemisiifolia), ek wol bekend as alsemambrosia, is in ienjierrige plant, dy't heart ta de famylje fan 'e hynsteblomplanten (Compositae of Asteraceae). De plant komt út Noard-Amearika en is yn Nederlân op in soad plakken ynboargere (komt advintyf foar). Ambrosia is it Grykske wurd foar 'fiedsel foar de goaden', wêrtroch't se ivich libben. De plant skiedt de stof koronopiline út, dy't de groei fan oare planten yn de omjouwing behindert.

Beskriuwing De plant wurdt 20-100 sm heech. De blêden binne meastal dûbelfearre, soms inkelfearre.

It moalstokje bloeit yn septimber en oktober mei ienslachtige, ± 3 mm grutte, holtsjes. De kopkes sitte yn in ier. Der sitte gjin strieskobben yn de kopkes en in pappus ûntbrekt. De klokfoarmige manlike kopkes hingje nei ûnderen en hawwe keale of in bytsje behierre, fergroeide omwynselblêden. De griis-wite, froulike kopkes binne ienblommich en hawwe twa aaifoarmige skutblêden. De blommen sitten net botte opfallend yn de blêdoksels ûnder de manlike blomkopkes. De brune frucht is in nútsje sûnder fruchtplús en hat de foarm fan in pylkpunt. It nútsje hat in heech oaljegehalte. It omwynsel om it nútsje hat fiif oant sân priemfoarmige stikels, dy't útrinne yn in lange snaffel. It fruchtsje heakket troch de priemfoarmige stikels yn de facht fan bisten en wurdt sa ferspriede. 270px|thumb|left|Fruchten

Allergy thumb|Ambrosia artemisiifolia thumb|dûbelfearre blêd It stomoal jout in heftige heakoartsreaksje, krektas it oanreitsjen fan de bloeiwize. Yn Nederlân fine ûndersikers de lêste jierren in sterke groei fan it oantal ambrosiapollen yn de loft. De lette bloei fan de plant, yn septimber en oktober, ferlinget it heakoartsseizoen mei twa moannen. By in waarme simmer folge troch in waarme hjerst kin de plant hieltiten better yn Europa dije. Dizze woekerjende plant driget in grutte kweadogger te wurden as de no bekende fersprieders fan pollen. Per plant kin oant in miljard pollen ferspriede wurde, wêrby't de allergyske wurking fan de pollen inkele kearen sterker is as dy fan gers, de oant op 't heden grutste oarsaak fan pollenallergy yn Nederlân.

Ymport yn Europa De plant komt rjochting de lege lannen troch benammen ymport fan hinnen- en fûgelfoer en fetbollen, dêr't ek de siedden fan it moalstokje tusken sitte. Yn Dútslân is it wyls by wet ferbean dit foer te ymportearjen as de siedden fan it moalstokje der net úthelle binne. Yn Switserlân, Eastenryk en Hongarije is it sels ferbean de plant yn de tún te hawwen en it is foarskreaun om dizze der út te heljen. Hjirby wurdt oanret: by it weiheljen wanten te brûken; it lof net yn de GFT-kontener te dwaan mar yn de smoargenskontener, sadat itt ferbaarnd wurdt.

De eksplosive fersprieding fan de plant hat it omtinken fan it Ministearje fan Lânbou, Natoer en Fiedselkwaliteit.NOS journaal, "Hooikoortsplant ambrosia in opmars.", 19 augustus 2007

Yn oktober 2006 binne nei in oprop fan it radioprogramma Vroege Vogels 160 meldingen fan moalstokjes yn Nederlân samle.

Nammen yn oare talen Ingelsk Common ragweed Dútsk: Beifußblättriges Traubenkraut, ook Beifuß-Ambrosie Frânsk: Ambroisie à feuilles d'armoise Sweedsk: Malörtsambrosia Deensk: Bynke-Ambrosie Hongaarsk: Ürömlevelű parlagfű

Keppeling om utens Resinte waarnimmings op Waarneming.nl, mei beskriuwing en foto's.

Kategory:Plantesoarte Kategory:Hynsteblom (famylje) Kategory:Lânseigen floara yn Kanada Kategory:Lânseigen floara yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen floara yn Alaska Kategory:Lânseigen floara yn Kuba Kategory:Lânseigen floara yn Jamaika Kategory:Lânseigen floara yn de Kaaimaneilannen Kategory:Lânseigen floara yn de Dominikaanske Republyk Kategory:Lânseigen floara yn Haïty Kategory:Lânseigen floara yn Argentynje Kategory:Lânseigen floara yn Sily Kategory:Lânseigen floara yn Paraguay Kategory:Lânseigen floara yn Oerûguay Kategory:Lânseigen floara yn Bolivia Kategory:Lânseigen floara yn Perû Kategory:Lânseigen floara yn Brazylje Kategory:Eksoat yn Albaanje Kategory:Eksoat yn Algerije Kategory:Eksoat yn Andorra Kategory:Eksoat yn Austraalje Kategory:Eksoat yn Belgje Kategory:Eksoat yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Eksoat yn Bulgarije Kategory:Eksoat yn de Azoaren Kategory:Eksoat yn de Kanaryske Eilannen Kategory:Eksoat yn de Oekraïne Kategory:Eksoat yn Denemark Kategory:Eksoat yn Dútslân Kategory:Eksoat yn Eastenryk Kategory:Eksoat yn Fatikaanstêd Kategory:Eksoat yn Frankryk Kategory:Eksoat yn Fryslân Kategory:Eksoat yn Grikelân Kategory:Eksoat yn Hawaï Kategory:Eksoat yn Hongarije Kategory:Eksoat yn Itaalje Kategory:Eksoat yn Japan Kategory:Eksoat yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Eksoat yn Kaapverdje Kategory:Eksoat yn Kazachstan Kategory:Eksoat yn Kirgyzje Kategory:Eksoat yn Kosovo Kategory:Eksoat yn Kroaasje Kategory:Eksoat yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Eksoat yn Lychtenstein Kategory:Eksoat yn Madeara Kategory:Eksoat yn Marokko Kategory:Eksoat yn Moldaavje Kategory:Eksoat yn Monako Kategory:Eksoat yn Montenegro Kategory:Eksoat yn Nederlân Kategory:Eksoat yn Nij-Seelân Kategory:Eksoat yn Noard-Koreä Kategory:Eksoat yn Noard-Masedoanje Kategory:Eksoat yn Oezbekistan Kategory:Eksoat yn Poalen Kategory:Eksoat yn Portegal Kategory:Eksoat yn Roemeenje Kategory:Eksoat yn San Marino Kategory:Eksoat yn Servje Kategory:Eksoat yn Sibearje Kategory:Eksoat yn Sina Kategory:Eksoat yn Sloveenje Kategory:Eksoat yn Slowakije Kategory:Eksoat yn Spanje Kategory:Eksoat yn Súd-Afrika Kategory:Eksoat yn Súd-Koreä Kategory:Eksoat yn Switserlân Kategory:Eksoat yn Tadzjikistan Kategory:Eksoat yn Tsjechje Kategory:Eksoat yn Tuneezje Kategory:Eksoat yn Turkije Kategory:Eksoat yn Wyt-Ruslân Kategory:Eksoat yn Yndia