thumb|left|400px|Stanley syn reizen. read: 1871-2, grien: 1874-7, blau: 1888-9 Sir Henry Morton Stanley (Denbigh (Wales), 28 jannewaris 1841 – Londen, 10 maaie 1904), berne as John Rowlands wie in Britsk sjoernalist en ûntdekkingsreizger. Hy krige yn 1870 fan de New York Herald opdracht om David Livingstone te sykjen yn Afrika. Hy fûn him by de Tanganjikamar yn 1871. By lettere reizen lei er de rin fan de Kongo rivier fêst en hie in wichtich oandiel yn de stifting fan ûnôfhinklike Kongosteat. Syn lêste reis late ta de stifting fan it Britsk Eastafrika protektoraat Kenia.
Hy waard yn 1897 riddere en tsjinne fan 1895 oant 1900 yn it parlemint as in liberaal unionistysk lid foar Lambeth North.
Publikaasjes (kar-út) How I Found Livingstone: Travels, Adventures and Discoveries in Central Africa: Including an Account of Four Months' Residence with Dr. Livingstone, 1872. Through the Dark Continent; Or, The Sources of the Nile: Around the Great Lakes of Equatorial Africa and Down the Livingstone River to the Atlantic Ocean, Sampson Low, Marston, Searle, Rivington (1878). The Congo and the Founding of Its Free State: A Story of Work and Exploration, Harper & Brothers (1885). In Darkest Africa; Or, The Quest, Rescue, and Retreat of Emin, Governor of Equatoria, Scribner (1890). Slavery and the slave trade in Africa, Harper & brothers, New York (1893)
Keppeling om utens Wurken fan Henry Morton Stanley by gutenberg.org
Kategory:Welsk soldaat Kategory:Welsk ûntdekkingsreizger Kategory:Welsk sjoernalist Kategory:Welsk politikus Kategory:Welsk konservatyf Kategory:Lid fan it Britske Legerhûs Kategory:Amerikaansk soldaat Kategory:Amerikaansk ûntdekkingsreizger Kategory:Amerikaansk sjoernalist Kategory:Amerikaansk politikus Kategory:Noardlik Amerikaansk militêr yn de Amerikaanske Boargeroarloch Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1841 Kategory:Persoan stoarn yn 1904