thumb|260px|Marshal Villars liet de Frânske oanfal yn de Slach fan Denain (Skilderij fan Jean Alaux (1786–1864) út 1839) De Spaanske Súksesjeoarloch wie in oarloch fan 1702 oant 1715 tusken de Dútske keizer, de Nederlânske Republyk en Ingelân oan de iene kant en Frankryk en Spanje oan de oare kant. Ynset foar dit konflikt wie de drigende fersteuring fan de Jeropeeske machtsferhâldings troch de oanspraak fan de Frânske kening Loadewyk XIV op de Spaanske troan.

Skiednis Nei de dea yn 1700 fan Karel II fan Spanje, dy't gjin bern hie, makke Loadewyk XIV fan Frankryk oanspraak op de Spaanske troan foar syn pakkesizzer Filips fan Anjou, wylst de Dútske keizer Leopold I syn twadde soan, Karel nei foaren skode. In wiidweidige oarloch wie it gefolch dy't net allinnich op Jeropeeske boaiem útfochten waard, mar ek yn Noard-Amearika en wêryn't de Frânsen in soad ferlies nimme moasten.

Omdat de Ingelsen de oarloch beëinigje woenen en har al yn 1710 út de striid weromloeken, kaam Frankryk der by de fredesûnderhannelins goed fanôf. En omdat Karel yn 1711 de nije Dútske keizer waard, en sadwaande net langer in geskikte kandidaat wie, koe Filips V de Spaanske troan ynnimme.

By de fredespetearen, de Frede fan Utert yn 1713 en de Frede fan Rastatt yn 1714, waarden de Spaanske besittingen ferdield tusken Filips en it Hûs Habsburch. Ingelân krige Gibraltar, Minorka en Nijfûnlân. De Súdlike Nederlannen kamen oan Eastenryk. En de Republyk mocht in oantal barriêrestêden hâlde en krige Venlo.

Kategory:Skiednis fan Jeropa Kategory:Oarloch yn Jeropa Kategory:Oarloch yn Noard-Amearika Kategory:Oarloch yn Súd-Amearika Kategory:Oarloch yn de 18e iuw Kategory:Oarloch fan Aragon Kategory:Oarloch fan Baden Kategory:Oarloch fan Beieren Kategory:Oarloch fan Eastenryk Kategory:Oarloch fan it Feriene Keninkryk Kategory:Oarloch fan Frankryk Kategory:Oarloch fan Hannover Kategory:Oarloch fan it Hillige Roomske Ryk Kategory:Oarloch fan Ingelân Kategory:Oarloch fan Kastylje Kategory:Oarloch fan Milaan Kategory:Oarloch fan Napels Kategory:Oarloch fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen Kategory:Oarloch fan Portegal Kategory:Oarloch fan Prusen Kategory:Oarloch fan Sardynje Kategory:Oarloch fan Savoaye Kategory:Oarloch fan Sisylje Kategory:Oarloch fan Skotlân Kategory:Oarloch fan Spanje Kategory:Militêr treffen yn 1702 Kategory:Militêr treffen yn 1703 Kategory:Militêr treffen yn 1704 Kategory:Militêr treffen yn 1705 Kategory:Militêr treffen yn 1706 Kategory:Militêr treffen yn 1707 Kategory:Militêr treffen yn 1708 Kategory:Militêr treffen yn 1709 Kategory:Militêr treffen yn 1710 Kategory:Militêr treffen yn 1711 Kategory:Militêr treffen yn 1712 Kategory:Militêr treffen yn 1713 Kategory:Militêr treffen yn 1714 Kategory:Militêr treffen yn 1715