thumb|Jan Brueghel de Alde (1568-1625), Boeket (1599), in ier foarbyld fan in stillibben. In stillibben is in artistike komposysje (skilderij, tekening, foto), fierwei it meast fan in (dea) foarwurp. It giet dan om objekten út de natoer sa as iten, blommen, planten, stiennen of skelpen; of troch minsken makke alledeistige dingen sa as fasen, potsjes en pansjes, munten, boeken, tabaksdoazen, ensafuorthinne.
De oarsprong fan it stillibben leit al yn de midsiuwen en ek yn de Grykske- en Romeinske âldheid waarden sy al makke. It stillibben joech de keunstner fan dy tiid mear frijheid fan komposysje en kleurgebrûk as yn it gefal fan in portret of in lânskip, dêr't de komposysje en kleurtoan fan fêst leit. Nei 1800 spile dit motyf hoe langer hoe minder in rol. Stillibbens fan foar 1700 hawwe faak religieuze en/of allegoaryske symboalen. Doetiids ferstiene taskôgers de djippere betsjutting fan sjochtwei foarwurpen better as no. Bygelyks in memento mori, troch in kombinaasje fan in bibel mei in minsklike plasse ôf te byldzjen.
Soarten stillibbens Stillibben Soarte stillibben Foarwerpen Symbolyk200px Jan Davidsz. de Heem Pronkstillibben Kostberheden en bysûndere fruchten Rykdom, wielde200px Stillibben mei in eksimplaar fanDe Waere Mercurius, in nijsblêdoer Tromp syn oermastering fan trijeIngelske skippen op 28 juny 1639,en in gedicht oer de skuonmakkerdy't it wurk fan Apelles mispriizget,1655, Anthonius Leemans Oerwinningsstillibben Hjerring, bôle, bier De nasjonale ekonomy, sunichheid en flyt200px Banket stillibben, 1667,Abraham van Beijeren Banketsje Foarwerpen en iten dy't by in miel hearre Mooglik in oamoediging ta matichheid, of in ferwizing nei it Lêste Jûnsmiel. Kin ek rykdom werjaan. 200px Vanitas, 1630, Pieter Claesz Vanitas Skedels, dôve kearsen, ferwyklge blommen, fergiene boeken, omfallen glêzen Idelheid en sinleasheid fan ierdsk besit of it memento moriTrompe l'œil|200px Trompe l'œil,Cornelis Norbertus Gysbrechts Synbedrager of Trompe-l'oeil Samling foarwerpen út it deistich libben dy't libbensecht lykje, bygelyks in rek mei brieven, pennen, skjirren en sokssawat. 200px Stilleven met bloemen, 1639,Hans Bollongier Blomstillibben Allerhanne blommen, somtiids fan ynsekten (flinters, krobben) omjûn. Faaks fergonklikens, mar ek bewûndering foar de skeppingAlexander Coosemans Fruitstillbben Allerhanne fruchten Oerfloed en fruchtberheid200px David Teniers de Jonge Wittenskipsstillibben Boeken, passers, wrâldbol, sânrinners Geleardens, de oerwinning fan de wittenskip200px In aap en in hûn by dood wild'',1714, Jan Weenix Jachtstik Deade fazanten, dowen, harten en oar wyld 200px Stilleven, 1644, Adriaen van Utrecht Muzykynstruminten 200px Stillibben, 1641, Alexander Adriaenssen Merk- en keukenstikken Fleis, fisk, griente en fruit Religieus Rozekrânse, kroan, wijreekfet, fisk Ferwizing nei Bibelske ferhalen200px Stillibben me romer, fluit, ierden krúken pipen, 1651, Jan Jansz van de Velde Religieus Nôtieren, druvetrosse en romer wyn Ferwizing nei Kristus200px Stilleven, Abraham van Beijeren Religieus Appel of sinesappel Ferwizing nei de erfsûnde
Gouden Iuw thumb|Stillibben mei wynglês fan Simon Luttichuys, Hamburger Kunsthalle thumb|left|Stillibben fan Juriaan van Streek
Yn de Gouden Iuw belibbe de produksje fan stillibbens yn Nederlân en Flaanders in hichtepunt. Grutte masters wiene yn dat tiidrek Jan Jansz. den Uyl, Willem Kalf, Pieter Claesz, en Willem Claeszoon Heda. Oaren wiene Clara Peeters, Melchior de Hondecoeter, Pieter de Ring, Pieter Boel, Jacob van Hulsdonck, Maerten Boelema de Stomme, Harmen Steenwijck, Pieter Steenwijck, Karel Slabbaert, Adriaen van Utrecht, Elias Vonck, Albert Vinckenbrinck, Jacques de Ville, Jan Treck, Roelant Savery, Frans van Schooten, Hendrick Gerritsz. Pot, Carstian Luyckx, Joos de Momper, Cornelis Kick, Cornelis Brisé, Pieter van den Bosch, Johannes Borman, Osias Beert, Floris van Dyck, Abraham Brueghel en Nicolaes Gillis.
Blomstillibbens thumb|left|Stillibben fan Frans Snyders thumb|Stillibben fan Balthasar van der Ast
Masters fan it blomstillibben wiene Roelant Savery, Ambrosius Bosschaert de Oude, Jan Brueghel de Oude, Balthasar van der Ast, Jan Davidsz. de Heem, Evert van Aelst, Maria van Oosterwijck, Rachel Ruysch, Jan van Huysum, Jan van Os.
Sjoch ek Henk Helmantel, stillibbenskilder en ien fan de Noardlike realisten.
Keppelings om utens Schilderijen-site.nl: Stillibbens in De Witte Raaf: De beeldruimte van het stilleven (van Cotàn tot Coorte)
Kategory:Skilderkeunst