thumb|Petrus Marinus Cochius Petrus Marinus Cochius (Rijswijk, 27 april 1874 - Trogen, 3 juny 1938) wie in Nederlânske fabrikant en keunstsamler.
Fan 1912 oant 1933 wie er direkteur fan it Glêsfabryk Leardam. Cochius syn fertsjinste wie dat er in fabryk fan gewoan brûkersglês feroare yn in bekende glêsfabryk dêr't in soad ferneamde ûntwerpers oan meidienen. Under oaren wienen Karel de Bazel en Andries Copier wichtige meidoggers.
Cochius wie in sosjaal ûndernimmer, dy't in protte die foar it wolwêzen fan syn personiel. Hy soarge foar wenningbou, stichte in bibleteek, stipe muzyk- en sjongferieningen.
De kolleksje dy't troch Cochius opboud waard, foarme de grûn fan it Nasjonaal Glêsmuseum, ûntstien út it Glêsfabryk Leardam.
Sigurd Cochius wie in soan fan Petrus.
Kategory:Nederlânsk keunstsamler Kategory:Nederlânsk ûndernimmer Kategory:Nederlânsk filantroop Kategory:Persoan berne yn 1874 Kategory:Persoan stoarn yn 1938