thumb|right|De pleats Tademastate (1987) De Tademastins stie oan de Van Limburg Stirumwei 25, bewesten Kollum, gemeente Kollumerlân. Fan de state is neat werom te finen.
De stins wurdt foar it earst neamd yn 1511 mar sil grif âlder wêze. De stins wurdt oan it begjin fan de 16e iuw bewenne troch Buwe Tadema. Hy wurdt neamd yn 1511 en 1529 Bouwe Tadema wie ien fan de belanghawwenden by de bediking fan Nij Krúslân. Andreae, Lauwerssee, 109, 161. , syn erfgenamten yn 1543. Ien fan dy erfgenamten wie Kempo fan Tadema dy't mei Wyts fan Foppinga út Dronryp boaske; in suster fan Bouwe troude yn op Bama yn Kollum. Kempo hie ek yn Kollum sels tunen en hússteden. Yn 1562 fertsjintwurdige hy mei Scipio fan Meckema it doarp Kollum by it protest tsjin it beteljen fan tol op de Scholbalg. Yn maaie 1574 kaam hy noch foar as folmacht fan Eastergoa, mar twa jier letter waard syn frou as widdo fermelden.
Bewenners oant ± 1543 Buwe Tadema om 1562 Kempo fan Tadema om 1585 Offcke Tadema om 1622 Kempo fan Tadema nei 1622 Dodonea fan Tadema, troud mei Pibo fan Doma
Kategory:Kollum Kategory:Stins Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Kollumerlân Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 15e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn de 17e iuw