left|thumb De Fryske Reklamepriis wie fan 1995 -2021 in jierlikse priis foar de bêste Frysktalige reklame. Doel fan de jierlikse útrikking fan de Fryske reklamerpriis wie om bedriuwen en reklameburo’s te stimulearjen hieltyd mear it Frysk en/of Fryske streektalen te brûken yn reklameboadskippen op radio en telefyzje yn Fryslân. Der wiene prizen foar de kategory Radio en foar Telefyzje, yn guon jierren wie der in publykspriis. De Fryske Reklamepriis wie in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Feriening Freonen fan Omrop Fryslân en waard mooglik makke mei stipe fan de provinsje Fryslân.

De Fryske Reklamepriis waard takend oan sawol de opdrachtjouwer as it reclameburo, dat de commercial ûntwikkele hat. De priis sels bestie út in jildbedrach (om reklamestjoertiid yn te keapjen) en in replika fan it byld fan Grutte Pier út Kimswert. De prizen waarden ynsteld yn 1998 (?) en wurde de lêste jierren útrikt by Tresoar yn Ljouwert. Yn 1992 is Omrop Fryslân úteinset mei it útstjoeren fan reklameboadskippen op de radio. Troch Omrop Fryslân waard dêrom ek in publykspriis bepaald.

In ûnôfhinklike sjuery fan saakkundigen koas sawol foar radio as telefyzje fjouwer foar de priis nominearre spots út en op de útrikking wurdt ien dêrfan as winner oanwiisd. Op de útrikking wiene de nominearre spots te hearren en/of te sjen. De reklameboadskippen wurde hifke op: kommunikaasjewearde technyk, lykas montaazje en voice-overs kwaliteit fan it Frysk Humor Frysk Taaleigen Priiswinners wienen oant no ta:. Jier Telefyzje Radio bysûnderheden2021Kom mei de bern nei Skylge- Doeksen2019Grutsk op ús Greidefûgels - LTO en oaren2018Foar écht goed materiaal - Mazzelshop Ljouwert2015Klear! - Sijperda Verhuur2012Femke & Gijsbert - Mazz LeeuwardenSimmer yn Fryslân - Rabobank 2011 Bêst Genôch - RESI Wensintrum Aktyf yn Fryslân - Dong Energy 2010 Boer Frans - Jansma Burdaard Vitalis 2009 Bit: Agri Retail (Welkoop) Stichting Frysk Festival 2008 Jou Lûd: Provinsjale Steateferkiezings 2007 Thússoarch De Friese Wouden De Oerpolder - Bornmeer 2006 Autobedriuw Haaima UMCG Grins 2005 Tighelaar kachels Joop Zandberg Fytsen Telefyzjepublykspriis: Wetterskip FryslânRadiopublykspriis: Tankstasjon Sypersma 2004 Wetterskip Fryslân (mei Piet Paulusma) Geef Frysk foar suver wetter - Vitens (mei Rients Gratama) 2003 Rinsma's Woman's Wear Rikke, rûke - Weidenaar Telefyzjepublykspriis: AB-serviceRadiopublykspriis: Friesland Lease 2002 Het Friese Land (Maaike). CBD-Fryslân (biblionet CBD) Telefyzjepublykspriis: "Maaike" - Het Friese LandRadiopublykspriis: Simmertime - Pro Acts 2001 Fryslântapijt Mediamarkt Ljouwert. Publykspriis: Damstra Fiskhannel Wâldsein 1999 TCT-keukens Tolbert Kultureel sintrum Amacitia Snits Publykspriis: Jansma Burdaard 1997Winner 1997: Mitsubishidealer Nederlân 1995 Winner 1995: Regionaal Bureau Arbeidsvoorziening - Ljouwert

Keppeling om utens

Histoarje Fryske Reklamepriis, De Swingel 6, 2002 Fryske Reklamepriis 2015, Bynt Omrop Fryslân Weromsjen op de Fryske Reklamepriis, Goeie.frl 2026

Kategory:Frysk Kategory:Media