Guru (Roxbury (Boston), Massachusetts, 17 july 1961 – New York, 19 april 2010) wie in Amerikaanske rapper, muzykprodusint en akteur. Hy waard yn de jierren 80 bekend as lid fan het duo Gang Starr en inysjearre dêrneist it projekt Jazzmatazz. Guru rapte oer swart bewustwêzen en oare maatskiplike ûnderwerpen. Hy wie ien fan de grûnlizzers fan de jazz-rap, in mjuks fan hiphop mei jazz en funk, en jildt as eksponint fan de East Coast Rap. Guru stiet foar Gifted Unlimited Rhymes Universal; it is in pseudonym fan Keith Edward Elam.
Karriêre Under de namme Keithy E. The Guru gie er yn 1987 by de groep Gang Starr. Nei't er yn 1989 as iennichste fan dizze band oerbleau, socht er gearwurking mei muzykprodusint en dj Waxmaster C, letter bekend as DJ Premier. Mei de albums No More Mr. Nice Guy (1989) en Step in the Arena (1991) wist it hiphop duo rillegau ynternasjonaal troch te brekken. It nûmer Jazz Thing wie te beharkjen yn de film Mo' Better Blues fan regisseur Spike Lee.
Neist Gang Starr wurke Guru fan 1993 ôf oan it projekt Jazzmatazz, dêr't er yn gearwurke mei jazz muzikanten sa as Roy Ayers, Donald Byrd, Herbie Hancock en Branford Marsalis, soulsjongster N'Dea Davenport en popmuzikant Jamiroquai. Oant 2000 ferskynden der trije albums fan Jazzmatazz en yn 2007 kaam in fjirde en lêste cd út: The Hip-Hop Jazz Messenger: Back to the Future.
De paden fan Guru en DJ Premier skieden om 2005 hinne. It lêste album fan Gang Starr, The Ownerz, wie yn 2003 ferskynd. Tagelyk brocht Guru sûnt 2001 trije soloalbums út, mar die hienen net it súkses fan Gang Starr en de Jazzmatazzrige. It lêste album, Guru 8.0: Lost and Found, kaam yn 2009 út. Yn dy snuorje waard ek de sykte fan Kahler by Guru fêststeld. Febrewaris 2010 waard er rekke troch hertynfarkt, wêrnei't er trije wiken yn koma lei. Op 19 april 2010 stoar er yn in sikehûs yn de omkriten fan New York.
Guru waard 48 jier.
Diskografy 1993: Jazzmatazz, Vol. 1 1995: Jazzmatazz, Vol. II: The New Reality 1995: Guru presents - Illkid Records 1996: Jazzmatazz, Vol. III 1997: Jazzmatazz, Vol. III: Streetsoul 2000: Streetsoul 2001: Baldhead Slick & Da Click 2005: Version 7.0: The Street Scriptures 2007: Jazzmatazz, Vol. IV: Back To The Future 2009: Guru 8.0 Lost and Found
Filmografy Grand Theft Auto: Liberty City Stories 2005 as 8-Ball Kung Faux 2003 as Stim/Various Urban Massacre 2002 as Cereal Killah Grand Theft Auto III 2001 as 8-Ball 3 A.M. 2001 als Hook-Off Train Ride 2000 as Jay The Substitute 2: School's Out 1998 as Little B. Who's the Man? 1993 as Martin Lorenzo
Keppeling om utens Offisjele Guru's Jazzmatazz side Guru by WhoSampled
Kategory:Amerikaansk rapper Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk muzykprodusint Kategory:Amerikaansk muzikant fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk akteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk produsint fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Trinidadsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1961 Kategory:Persoan stoarn yn 2010