thumb|right|Gerbadastate (1723) J. Stellingwerf

Gerbadastate, ek Herbadastate en letter Doumastate en Sixmabosch wie in state besuden Hallum oan de súdkant fan de Hallumer Feart yn de gemeente Ferwerderadiel. Fan de state is neat mear werom te finen.

It stichtingsjier is ûnbekend mar de state waard krektas Feitsma pas yn de rin fan de 16e iuw in aadlik bewenne hûs. Yn 1511 wie Ids fan Eminga eigener; yn 1540 dy syn skoansoan Jelger fan Feitsma, troud mei Claer fan Eminga. Jelgers beide dochters wennen yn Hallum: Tieth op Feitsma, Saepck op Gerbada. De lêste troude mei Epe fan Douma út Jirnsum. Harren grêfsarken lizze noch yn de tsjerke.

Bewenners 1511 Ids fan Eminga 1540 Jelger fan Feitsma om 1565 Epe fan Douma 1565 - 1615 Barthold fan Douma 1615 - 1650 Epe fan Douma 1650 - 1868 Barthold fan Douma en syn frou Dorothea fan Crack 1868 - 1684 Dorothea fan Crack sûnt 1684 Ulbo Sixma fan Andla en syn frou Remck fan Douma A. T. R. fan Sixma en Albertina du Tour oant 1794 kapitein Du Tour fan Bellinchave en syn frou Duconia fan Sixma

Kategory:State Kategory:Hallum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Bouwurk sloopt yn 1794