Margate is in havenplak yn it distrikt Thanet, yn it Ingelske greefskip Kent. Margate bestiet út de dielen Cliftonville, Garlinge, Palm Bay en Westbrook.

De stêd is al sûnt de midsiuwen in wichtige seehaven en waard yn de 15e iuw tegearre mei Dover rekkene ta de Cinque Ports. Yn de 18e iuw waard it in populêre fakânsjebestimming fanwege de goede berikberens fia de Theems. Letter, mei de komst fan de spoarwegen, waard it in populêre bestimming. Populêre nijsgjirrichheden binne de sânstrannen en it pretpark Dreamland. Ein 20e iuw rekke de stêd, krekt as oare Britske baaiplakken, yn ferfal. Dochs wurdt der besocht om de ekonomy nij libben yn te blazen.

Demografy Margate Sensus 2001MargateDistrikt Thanet Ingelântotale befolking40 386126 70249 138 831fan bûtenlânsk komôf5,8 %5,1 %9,2 %etnisiteitblanken97 %98 %91 %Aziatysk1,2 %0,6 %4,6 %swart0,5%0,3 %2,3 %religykristendom72 %74 %72 %islaam0,7 %0,5 %3,1 %hindoeïsme0,2 %0,2 %1,1 %ateïsme/agnostisisme17 %16 %15 %âlderdomboppe 65 jier19 %22 %16 %ûnder 18 jier 15% 21% 19%

Berne yn Margate Louise Germaine (1971), model en aktrise

Keppeling om utens Toeristyske ynformaasje Margate yn 1936 Museum fan Margate

Kategory:Plak yn Kent