Frans Helfrich (Winaam, 20 febrewaris 1920 - Harns, 7 septimber 2010)Artikel oer it ferstjerren fan Frans Helfrich wie in keatsleginde. Helfrich wie in soan fan Piet Helfrich, dy't twa kear de PC wûn. Helfrich wie yn de jierren '40 en begjin jierren '50 fan de 20e iuw in ferneamd keatser. Sa wûn hy ûnder oare fjouwer kear de PC; dat wie yn 1942, 1947, 1952 en yn 1953. Benammen de oerwinning yn kriichstiid yn 1942 hat in legindaryske west. It partoer fan Helfrich keatste doe yn oranje klean. Helfrich is ien fan de tolve keatsers dy't it slagge om it Klaverke Fjouwer te winnen.
Helfrich stoar op 7 septimber 2010 yn 'e âldens fan 90 jier, oan de gefolgen fan kanker.Keatsleginde Frans Helfrich ferstoarn , Ljouwerter Krante (sjoen op 8 septimber 2010)
Prizen 1936 - Freule 1e Priis 1938 - Jong Nederlân 1e priis 1939 - Jong Nederlân 2e priis 1940 - de Bond 4e priis 1940 - PC 3e priis 1941 - PC 4e priis 1942 - PC 1e priis 1945 - PC 3e priis 1946 - de Bond 2e priis 1946 - PC 2e priis 1947 - de Bond 1e priis 1947 - PC 1e priis 1948 - de Bond 1e priis 1948 - PC 3e priis 1949 - de Bond 1e priis 1950 - de Bond 8e priis 1950 - PC 2e priis 1952 - de Bond 1e priis 1952 - PC 1e priis 1953 - de Bond 1e priis 1953 - PC 1e priis 1954 - PC 3e priis 1958 - de Bond 2e priis 1959 - PC 4e priis
Kategory:Frysk keatser Kategory:Frysk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Persoan berne yn Winaam Kategory:Persoan stoarn yn Harns Kategory:Persoan berne yn 1920 Kategory:Persoan stoarn yn 2010