Cannegieter wie in predikantelaach fan Dútsk komôf. thumb|150px|Dominicus Cannegieter

Hendrik Cannegieter (1691 - 1770), soan fan in boargemaster út Steinfort, waard rektor te Arnhim en fernederlânske syn namme 'Kannegieser'. Ut dit laach kamen in protte dûmnys, medisy en notarissen, ûnder oaren Herman Cannegieter (1723-1804), jurist en heechlearaar yn Frjentsjer, en Hendrik Gerrit Cannegieter (1804-1881), dokter en skiedskriuwer (oer Ferwerderadiel) te Hallum.

Oaren út dit laach Dominicus Cannegieter (Hallum, 23 oktober 1842 - Tsjom, 11 maart 1909), notaris en skiedkundige. Hendrik Gerrit Cannegieter (Wytmarsum, 28 maaie 1804 - Hallum, 15 maaie 1881), dokter. Skreau oer skiednis fan Ferwerteradiel. Hendrik Gerrit Cannegieter (Tsjom, 17 augustus 1880 - ?) sjoernalist-letterkundige dy't as herfoarme predikant yn Jelsum stie (1906-1914) en oer Fryske saken skreau. Petrus Cannegieter (Tsjom, 24 july 1883 - ?), predikant yn Koaten (1911-1917) en Idaerd (1917-1932). Hy wie 30 jier lang algemien sekretaris fan de 'Nederlandse Vereniging van Vrijzinnige Zondagsscholen' en 25 jier redakteur fan it frijsinnich godstsjinstich wykblêd 'Nieuw Leven'.

Kategory:Frysk laach Kategory:Hallum Kategory:Tsjom