thumb|250px|Julie Driscoll yn 2007
Julie Tippetts, berne en bekend as Julie Driscoll (Londen, 8 juny 1947) is in Britsk sjongster, dy't yn de jierren '60 in stikmannich hits hie.
Doe't sy noch jong wie, wie Driscoll al in bekende yn de Londense klups. Sy organisearre de fanklup fan de Yardbirds, en it wie harren manager dy't Driscoll oantrune sels in muzikale karriêre te begjinnen.
Julie Driscoll wie yn 1965 en 1966 by de band Steampacket, mei ûnder oaren sjonger Long John Baldry, toetsenist Brian Auger en Rod Stewart. Yn augustus 1966 die dy band mei oan it Jazzfestival yn it Belgyske Comblain-la-Tour. Yn 1968 skoarde hja in wrâldhit mei har ferzje fan Bob Dylan syn "This wheel's on fire". Mei dit nûmer fertsjintwurdige hja de psychedelyske perioade yn de Britske muzyk. Donovan's "Season of the Witch", die it yn Driscoll's ferzje ek goed.
De solosingles dy't sy ek útbrocht hienen minder súkses.
Diskografy In kar út: Open (mei Brian Auger & The Trinity) - 1967 Streetnoise (mei Brian Auger & The Trinity) - 1969 Jools & Brian (mei Brian Auger & The Trinity) - 1969 1969 - 1971 Kompilaasje Sunset Glow - 1976 Encore (mei Brian Auger) - 1978 Best of Julie Driscoll - 1982 Kompilaasje With Brian Auger & The Trinity - 1991 Kompilaasje Season of the Witch - 1999 Kompilaasje If Your Memory Serves You Well - 2001 Kompilaasje Julie Driscoll - 2004 London 1964-1967 - 2004 Kompilaasje A Kind Of Love In 1967-1971 - 2004 Kompilaasje
Keppelings om utens Mind Your Own Music, de Keith Tippett/Julie Tippetts webside. Julie Driscoll @ pHinnWeb BBC - Classic Pop/Rock Review - Brian Auger Julie Driscoll & The Trinity, Open, Definitely What!, Streetnoise
Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk folksmuzykartyst Kategory:Ingelsk jazzartyst Kategory:Ingelsk R&B-artyst Kategory:Ingelsk rockartyst Kategory:Ingelsk soulartyst Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1947