thumb|left|125px|Stedswapen Esens is in gemeente en stêd yn East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen, en is part fan de samtgemeinde mei deselde namme yn it landkreis Wittmund. Esens leit sa'n fjouwer km fan de Waadsee ôf.

Twadde Wrâldkriich Nettsjinsteande it feit dat Esens militêr sjoen net wichtich wie, hie de stêd op 27 septimber 1943 swier te lijen fan in alliëard bombardemint dêr't 65 deaden by foelen. Letter die bliken dat de bommen foar Emden ornearre wienen.Dokumintaasje fan Gerd Rokahr: „Der Bombenangriff auf Esens am 27. September 1943“

Oant yn 1940 hie Esens ek in joadske mienskip.Herbert Obenaus (Hrsg.), Historisches Handbuch der Jüdischen Gemeinden in Niedersachsen und Bremen ISBN 3-89244-753-5 De eardere synagoge en de Joadske skoalle binne der noch; de synagoge is no in garaazje.

Bensersyl Bensersyl leit oan de noardkust fan East-Fryslân, op 4 kilometer fan Esens, dêr't it ek ta heart. It kustplak is in kueroarde (Seeheilbad) en hat in jacht- en fiskershaventsje. Mei in fearboat is it eilân Langereach út Bensersyl wei te berikken.https://www.bensersiel.de/

Galery

Bekende ynwenners Balthasar fan Esens († 1540), frijheidsstrider en seerôver David Fabricius (1564–1617), teolooch, amateurastronoom en kartograaf Johann Hülsemann (1602–1661), luthersk teolooch Philipp Heinrich Erlebach (1657–1714), komponist Christian Eberhard, (1665–1708), foarst fan East-Fryslân út it hûs Sirksena Johann Gottfried Rohlfs (1759–1847), oargelbouwer Gerhard Moritz Roentgen (1795–1852), Nederlânsk see-offisier, yngenieur en skipsbouwer Arnold Rohlfs (1808–1882), oargelbouwer Gerd Sieben Janssen (1802–1899), oargelbouwer Theodore Thomas (1835–1905), komponist, stifter fan it Chicago Symphony Orchestra Ernst Christian Carl Kruse (1836–1900), dokter en politikus Johann Gerhard Behrens (1889–1979), evangelysk-lutersk predikant en astronoom

Keppeling om utens Webstee fan Esens

Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Gemeente yn Nedersaksen Kategory:Wittmund