|200px|thumb|Mr Gerhardus Diephuis Gerhardus Diephuis (Farmsum, 6 febrewaris 1817 - Grins, 4 novimber 1892) wie in Nederlânsk jurist en heechlearaar.
Oplieding Diephuis studearre ôf yn de Letteren en de rjochtswittenskippen.
Wurkpaad Diepenhuis waard mei 27 jier beneamd by bij de arrondissemintsrjochtbank te Wynskoat; neifolgjend waard er riedshear yn it provinsjaal rjochtshof te Grins. Yn 1859 folge er professor Boneval Faure op as heechlearaar privaatrjocht oan de Universiteit Grins. Dêrneist wie er ek lid fan de steatskommisje foar de Herziening van het Burgerlijk Wetboek (1880). Diephuis wie fierders lid fan it Rjochtskundich Genoatskip Pro excolendo jure patrio, ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1887), lid fan de Provinsjale Steaten fan Grinslân (1850) en lid fan de Ried fan de Gemeente Grins (1859).
Wittenskiplik wurk Om 1848 hinne skreau Diephuis it earste diel fan Het Nederlands burgerlijk recht naar de volgorde van het burgerlijk wetboek; dit wurk makke er dien yn 1855, mei it njoggende diel. Yn 1868 ferskynde it earste diel fan it ferfolch hjirop en yn 1891 it trettjinde en lêste part.
Oeuvre 1856. Nederlandsch Burgerlijk Regt. J.B. Wolters. Grins (9 dielen). 1859. Handleiding tot de Kennis der Wetgeving op het Lager Onderwijs. J.B. Wolters. Grins. 1869-1888. Het Nederlands burgerlijk regt. J.B. Wolters. Grins (11 dielen). 1874-1875. Handboek voor het Nederlandsch handelsregt. J.B. Wolters. Grins (3 dielen). 1885-1890. Het Nederlandsch burgerlijk recht. J.B. Wolters. Grins (13 dielen).
Keppeling om utens Gerhardus Diephuis yn de Digitale bibleteek foar de Nederlânske letteren
Kategory:Nederlânsk abbekaat Kategory:Nederlânsk amtner Kategory:Nederlânsk rjochter Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Heechlearaar oan de Ryksuniversiteit Grins Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Grinslânsk persoan Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1817 Kategory:Persoan stoarn yn 1892