Dragan Bakema (Appelskea, 12 maaie 1980) is in Nederlânsk akteur en skriuwer fan in Fryske heit en Servyske mem. Hy waard grut yn Easterwâlde en hat de toanieloplieding yn Arnhim folge.
Bakema is fral bekend wurden troch de film Loverboy (2003), mei de rol fan loverboy Michael, en troch Zwarte Zwanen. Foar dy lêste rol krige er yn 2005 in Gouden Keal-nominaasje. Bakema hat teffens fan 2006 ôf in ferhâlding mei aktrise Maria Kraakman dêr't er mei yn de films Oliver etc en Hunting & zoon te sjen wie.
Yn 2023 fertolke Bakema de rol fan Pontius Pilatus yn The Passion. Dizze edysje fûn plak yn Harns.
Filmografy 2001 Drift - as Jakob 2001 Morgen ga ik Zelf - as Rinne 2002 Bella Bettien - as Slobodan 2003 Loverboy - as Michael 2004 De Dominee - as hitman 2004 Gebroken Rood - as Goran 2005 Zwarte Zwanen - as Vince 2005 Medea - as Thomas 2007 Oliver etc - as Olivier 2007 Victor Nobel Victor - as Nobel 2008 Hitte/Harara - as Michael 2008 Hoe overleef ik mezelf? - as Sam Meyer 2010 De Troon - as Kening Willem II (de jongere) 2010 Hunting & Zn. - as Tako Hunting 2010 In Therapie (telefyzjerige) - as Aron 2010 Shocking Blue - as Wojtek 2010 Brownian Movement - as Max 2011 Rembrandt en ik - as Rembrandt (de jongere) 2011 Claustrofobia- 2012 De Geheimen van Barslet - as Bjorn Moonen
Teäter Tramlijn Begeerte (2012) - Stanley Kowalski, Toanielgroep Eastpoal 2012 - 2013 Erik Hazelhoff Roelfzema - Soldaat fan Oranje de musical
Kategory:Frysk toanielakteur Kategory:Frysk musicalakteur Kategory:Frysk telefyzje-akteur Kategory:Frysk filmakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk musicalakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk filmakteur Kategory:Frysk persoan fan Servysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Servysk komôf Kategory:Stellingwerfsk persoan Kategory:Persoan berne yn Appelskea Kategory:Easterwâlde Kategory:Persoan berne yn 1980