Hepie en Hepie wie in Fryske jankfoddeduo oprjochte yn Twizelerheide en wie aktyf tusken 1980 en 1983, fan 2007 oant 2011 wie it duo koarte tiid wer byinoar. It duo brocht yn 1980 syn debútalbum Ik lig op m'n kussen stil te dromen út. Hepie en Hepie ha twa studio-albums útbrocht.
Hepie en Hepie bestie út de nichten Hepie Hiemstra (6 augustus 1961) en Hepie Postma (26 novimber 1956) fan Twizelerheide.
De blûne Hepie song ek by De Wiko's, by The Moonlight Stars en Orkest Sphinx. Hja hat ek solo singles opnomd. De beide nichten treden earst op ûnder de namme De Hésole's, mei Hiekus Hiemstra (elektroanysk oargel) en Tjipke Heidstra (drums). Tjipke waard letter ferfongen troch Andries Akkerman. Hiekus is de heit fan Hepie Hiemstra.
It duo skoarde yn 1980 yn Nederlân in hit mei Ik lig op m'n kussen stil te dromen, in cover fan Hank Locklin syn Send me the pillow that you dream on. It liet wie yn 1962 ek alris opnomd troch Ria Valk.(Fontana TF 266 366)
Yn 1981 hie it duo noch in stikmannich lytse hits. Yn 1983 gienen hja útelkoar omdat Hepie Hiemstra in eigen karriêre begjinne woe.
Yn 1989 nimme Hepie en Hepie dochs wer inkelde nije nûmers op. Ek waard fan Ik lig op m'n kussen stil te dromen in house-ferzje útbrocht, dat de top 10 helle. Dy housefariant wie de earste Nederlânsktalige househit. Nei dit súkses giene sy wer solo.
Yn 2007 makke it duo in comeback, mar dat waard gjin grut súkses, en yn 2011 setten se in punt efter harren karriêre.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht yn Label Single(s) Ik lig op m'n kussen stil te dromen1980PhilipsIk lig op m'n kussen stil te dromen,Jongen Ik Maak Me Zorgen,Zeven Dagen LangLiefde1981PhilipsIk heb alleen nog maar die fotoHepie & Hepie2007Jaz MusicOns dorp,Ik geloof in jou en mij
Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynDe Grootste Hits Van1981De allergrootste successen van Hepie en Hepie1989
Kategory:Frysk folksmuzykartyst Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Band oprjochte yn 1980 Kategory:Band opheft yn 1983 Kategory:Band oprjochte yn 2007 Kategory:Band opheft yn 2011