Wire is in Ingelske punkband oprjochte yn 1976 yn Londen. De band brocht yn 1977 syn debútalbum Pink Flag út. Yn 1980 waard de band opheft, mar yn 1985 waard in trochstart makke, om yn 1992 der wer mei op te hâlden. Fanôf 1999 is de band wer aktyf. Wire hat santjin studio-albums en seis live-albums útbrocht.
Gearstalling Colin Newman is de foaroanman fan de formaasje; de oare trije leden binne Bruce Gilbert as gitarist, Robert Grey (alias Robert Gotobed) as drummer en Graham Lewis as bassist en meisjonger. Gotobed ûntsloech himsels yn 1990 om't er himsels net mear noadich achte doe't de groep in kar makke foar elektroanika — dêrop feroare de band har namme ta trije letters: Wir, lykwols sûnder de útspraak /waıə/ te wizigen. As Wir wurdt ien album útbrocht. Nei de weromkomst fan Robert Grey yn 2000 waard de namme feroaring wer ûngedien makke.
Punkrock Wire wie ynearsten in punkrockgroep. Har earste album Pink Flag, út 1977, is in skoallefoarbyld fan simpele punk mei aparte net regelmjittige songstrukturen en in grut oantal tige koarte nûmers, fan soms amper in heale minút. Op dat album stie ek it nûmer 'Mannequin', dat in ier new wave-ikoan wurden is. Yn 1978, mei Chairs Missing, waard de simpele punk al wat tebek set. Producer Mike Thorne soarge foar fernijende syntesizerkonstruksjes dy't it stimmige, evokative karakter fan de groep stal joech.
Eksperiminteel Fan it album 154 ôf yn it dêrop folgjende jier waard noch mear eksperimintearre. Soks is goed te hearren oan de ynmoedige tsjustere nûmers 'A Touching Display' en 'The Other Window' en oansteklike popdeuntsjes as 'Map Ref. 41°N 93°W' en 'The 15th'. Lykwols late dizze twaspjalt ta ferskillende stilistyske rjochtingen, wat opfalt yn it live-album Document and Eyewitness is dat it fol stiet mei eksperiminteel materiaal.
Soloprojecten Nei 1981 foel Wire de fakto út elkoar en gongen de bandleden har eigen wei. Colin Newman gie solo, Gilbert en Lewis foarmen de band Dome. Yn 1985 kaam de band wer by elkoar. It wurk dat se fan doe ôf makken gong hieltyd mear de kant út fan elektroanyske muzyk, wêrtroch't drummer Gotobed oerstallich waard. Yn de 90-jierren wurken de bandleden meast oan har eigen projekten, it ienige album fan it trijemanskip is The First Letter dat mei mingde reaksjes ûntfongen waard. Pas yn 1999 geane de bandleden har wer mear mei Wire bemuoien en ûntwikkelje in oare styl mei hoekige gitaarpartijen en snelle drums. Twa EP's en it album Send wurde útbrocht.
Ynfloed Wire wurdt troch in protte letter rockgroepen sjoen as in wichtige ynspiraasjeboarne. Nettsjinsteande in lytske tal platen dat fan de band ferkocht binne, is har reputaasje mânsk en falt te fergelykjen mei bands as The Velvet Underground.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label Single(s) Pink Flagnovimber 1977HarvestDot Dash,Options RChairs Missing8 septimber 1978I Am the Fly,Outdoor Miner,A Question of Degree15421 septimber 1979Map Ref. 41°N 93°WThe Ideal Copyapril 1987MuteAheadA Bell Is a Cup... Until It Is Struck16 maaie 1988Kidney Bingos,Silk Skin PawsIt's Beginning to and Back Againmaaie 1989Eardrum Buzz,In VivoManscape15 maaie 1990Life in the ManscapeThe Drillapril 1991In Every City?The First Letter14 oktober 1991So And Slow It GrowsSend28 april 2003PinkflagObject 477 july 2008Red Barked Tree20 desimber 2010Change Becomes Us18 maart 2013Wire13 april 2015Joust & JostleNocturnal Koreans22 april 2016Silver/Lead31 maart 2017Short Elevated Period,Diamonds In CupsMind Hive24 jannewaris 2020Cactused,Primed and Ready
Live-albums Album Utbrocht op Label Document and Eyewitnessjuly 1981Rough TradeIt's All in the Brochuremaaie 2000PinkflagWire on the Box: 19794 oktober 2004The Scottish Play: 200428 maart 2005Live at the Roxy, London –April 1st & 2nd 1977/Live at CBGB Theatre,New York – July 18th 197813 novimber 2006The Black Session: Paris, 10 May 201114 febrewaris 2012
Kompilaasje-albums Album Utbrocht opAnd Here It Is...Again...novimber 1984Wire Play Popmaart 1986In the Pinkaugustus 1986On Returning (1977–1979)july 1989The Peel Sessions Albumjannewaris 19901985–1990: The A List17 maaie 1993Behind the Curtain:Early Versions 1977 & 785 maaie 1995Turns and Strokesmaaie 1996Coatings21 oktober 1997PF456 Reduxapril 200310:2019 juny 2020
Keppeling om utens Webside fan Wire It nûmer mannequin fan it album Pink Flag It nûmer Map Ref. 41°N 93°W fan it album 154 op Youtube It nûmer The 15th fan it album 154 op Youtube
Kategory:Ingelske punkband Kategory:Band oprjochte yn 1976 Kategory:Band opheft yn 1980 Kategory:Band oprjochte yn 1985 Kategory:Band opheft yn 1992 Kategory:Band oprjochte yn 1999