thumb|rjochts|300px|Op it stee fan Aylvastate (2009) De Aylvastate of Wythiemastate stie súdeastlik fan de tsjerke fan Ginnum yn de gemeente Noardeast-Fryslân. Op it terrein stiet no in ein 20e-iuwske pleats.
De state sil om 1534 boud wêze, mar nei alle gedachten hiet it dêrfoar Wythiemastate en is it goed ‘omdoopt’ nei de komst fan de Aylva’s. Oer de moarekop yn it wapen fan de Roorda's fan Ginnum waard yn de 17e iuw in leginde optekene, dêrút soe blike dat de Roorda’s om 1224 oan de krústochten meidien hawwe soene. Mar de famylje wurdt yn argyfstikken pas yn 1397 as 'Rowertha to Ghenim' neamd.
De Roorda’s wienen ryk. Ginnum hie ek ‘Roordahuzum’ hjitte kind, want in soad grûn om dat doarp wie harres. Om 1500 wie Wybren Roorda eigener fan Roordastate. Hy hie twa soannen, Syds en Feye.
Bewenners 1534 - 1545 Rienck fan Aylva 1545 - 1573 His fan Roorda, widdo Fan Aylva 1573 - 16.. Wybren fan Aylva bern fan Wybren
Kategory:State Kategory:Ginnum Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Noardeast-Fryslân Kategory:Stins of state yn Ferwerderadiel Kategory:Bouwurk út 1534 Kategory:Bouwurk sloopt yn de 20e iuw