It Aylvahûs of Poptahûs wie in state beëasten it Martenahûs oan de súdside fan de Nijstêd yn Ljouwert. Op it stee stie yn 2009 de winkel fan de Witte Boekenmarkt.
De lytse stedsstate waard om 1500 hinne boud en waard yn 1550 bewenne troch Sybolt fan Aylva en syn frou Eesck fan Popma. Hja bepaalde by testamint dat de húskes dy't se yn it hôf “achter aen de wal” sette litten hie troch earme widdowen fergees bewenne mochten wurde. It hûs liet se nei oan Keympe fan Donia.
Bewenners ± 1550 Sybolt fan Aylva en Eesck fan Popma oant 1589 Eesck fan Popma 1589 - ? Keympe fan Donia ± 1690 – 1712 Dr. Henricus Popta famylje Struiving
Kategory:Stins Kategory:Bouwurk yn Ljouwert Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Ljouwert (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1500 Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw