Adrianus Leonardus van Wissen (De Haach, 1878 - Grins, 27 febrewaris 1955), yn fakliteratuer meast A.L. van Wissen neamd, wie in Nederlânske arsjitekt.
Hy wurke in protte yn Grinslân, dêr't er ferskate gemeentehuzen ûntwurp. Syn styl hat in soad fan dy fan H.P. Berlage (1856-1934). Hy wie de heit fan de Grinzer arsjitekt en keunstskilder Herman van Wissen (1910-2000).
Wurken (kar út) 1907: Gemeentehûs fan Winsum 1908: Gemeentehûs fan Uithuizermeeden 1909/1910: Gemeentehûs fan Uithuizen 1911: Gemeentehûs fan Ten Boer 1912: Ferbouwing Schoenenmagazijn Meier, Grins RCE - Ryksmonumint 485767 (Herestraat 7, Grins) 1912: Gemeentehûs fan Gruttegast 1919: Gemeentehûs fan Kantens
Sjoch ek Nederlânske arsjitekten
Kategory:Nederlânsk arsjitekt Kategory:Persoan berne yn 1878 Kategory:Persoan stoarn yn 1955