thumb|Sintrum fan Awenne thumb|200px|Ien fan de fontinen yn it doarp Awenne (Waalsk: Nåwinne) is in doarp yn de Belgyske provinsje Lúksemboarch en in dielgemeente fan de stêd Saint-Hubert.

De Waalske skriuwer Joseph Calozet is op 20 desimber 1883 berne yn Awenne (en op 3 maaie 1968 yn Brussel ferstoarn). Krekt besuden it doarpke is in Mariagrot yn in beekdelling.

Skiednis De namme fan it doarp komt al yn midsiuwske histoaryske boarnen foar. Om 1900 wie Awenne in wichtich sintrum fan de klompe-yndustry yn de provinsje Lúksemboarch.

Demografyske ûntwikkeling

Boarne: NIS; Opm:1806 t/m 1970=folkstellingen; 1976=ynwennertal op 31 desimber 1823: gemeente Mirwart kaam dêrby (12,85 km² mei 197 ynwenners) 1877: ôfskieding fan Mirwart (12,85 km² mei 337 ynwenners) dat opnij selsstannich waard

Keppelings om utens Webstee gemeente Saint-Hubert

Kategory:Plak yn Lúksemboarch (provinsje)