Cornelius Kempius (Dokkum, ±1520? - oktober 1589) wie in skiedskriuwer.
Kempius studearre yn Keulen (Magister artium) dêr't er by syn omke Johannes (ek út Dokkum) ynwenne. Nei syn stúdzje is er in skoftke yn Dokkum werom west, mar rillegau wurke er yn Grinslân, ûnder oaren as redger yn Fivelgoa, en as riedsman fan biskop Johannes Knijff (1568). Hy wie as trou Roomsk-Katolyk oanhinger fan de kening fan Spanje belutsen by it 'ferrie fan Rennenberg' (1580) en ek ynkwisiteur (augustus 1581).
Wurk De origine, situ, qualitate Frisiae, et rebus a Frisiis olim præclarè gestis, Keulen 1588
Sjoch ek Kronyk
Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk amtner Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Skiednis fan Grinslân Kategory:Persoan berne yn 1520 Kategory:Persoan stoarn yn 1589