Gilles fan Berlaymont (±1545 - Maastricht, 18 juny 1579) wie steedhâlder ûnder Spaansk bewâld fan Drinte, Fryslân, Grinslân en Oerisel (1572-1573), steedhâlder fan Gelre en Sutfen (1572-1577), plakferfangend steedhâlder fan Hollân, Seelân en Utert (1574-1577), steedhâlder fan Namen en Arteesje (fanôf 1578, as opfolger fan syn ferstoarne heit) en baron fan Hierges.
Gilles wie in soan fan Karel fan Berlaymont en Adriana fan Ligne-Barbançon. Yn 1572 waard er talitten ta de Oarder fan it Gulden Flues en op 2 septimber 1577 bemachtige er it lidmaatskip fan de Ried fan Steat.
Yn 1567 hie Gilles in oandiel yn it belis fan Valencijn, de earste belegering fan de Opstân.Encarta-encyclopedie Winkler Prins (1993-2002) s.v. Berlaymont. Microsoft Corporation/Het Spectrum. Teffens wie er by yn 1568 by de Slach fan Jemmingen (Jemgum). Gilles sneuvele by it belis fan Maastricht (1579).
Kategory:Súdnederlânsk ofsier (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk amtner (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk politikus (foar 1830) Kategory:Súdnederlânske adel (foar 1830) Kategory:Waalsk ofsier Kategory:Waalsk amtner Kategory:Waalsk politikus Kategory:Waalske adel Kategory:Steedhâlder fan Arteezje Kategory:Steedhâlder fan Namen Kategory:Steedhâlder fan Gelderlân Kategory:Steedhâlder fan Fryslân Kategory:Steedhâlder fan Hollân Kategory:Steedhâlder fan Seelân Kategory:Steedhâlder fan Utert Kategory:Súdnederlânsk persoan yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Spaansk militêr yn de Tachtichjierrige Oarloch Kategory:Persoan berne yn 1540 Kategory:Persoan stoarn yn 1579