thumb|300px|Hilary Duff (2009) Hilary Erhard Duff (Houston (Teksas), 28 septimber 1987) is in Amerikaansk popsjongster en aktrise. Sûnt 2002 is sy meast populêr by de jeugd. Duff har kleanûntwerpen hjitte "Stuff by Hilary Duff" en har rûkersguod is op de merk komd ûnder de namme "With Love...Hilary Duff".

Biografy Duff waard berne as twadde bern fan Robert Erhard Duff, eigner fan in keatling nachtwinkels, en Susan Colleen, hûsfrou. Duff hie har debút op telefyzje mei tsien jier, doe't sy in figuranteroltsje hie yn de telefyzjefilm True Women.

Yn Nederlân en Belgje waard hja bekend nei har rol yn de tsienersearje Lizzie McGuire (2001); der waard ek in bioskoopfilm fan makke, de The Lizzie McGuire Movie. Sy rekke dêrtroch sa begoedige dat hja in hûs yn Los Angeles foar har heit en mem kocht, sels wenne hja dêr ek. No wennet hja mei har suster Haylie yn Los Angeles.

Yn 2003 kaam har album 'Metamorphosis' út en yn 2004 har twadde album 'Hilary Duff'. In 2005 brocht se it sammelalbum 'Most Wanted' út, en yn 2007 it soarte fan dance-album Dignity dêr't sy alle nûmers sels fan skreau.

Nei de Most Wanted Tour yn 2005-2006 sette Duffy yn augustus 2007 út ein mei de Dignity Tour 2007.

Diskografy Santa Claus Lane (2002) Metamorphosis (2003) Hilary Duff (2004) Dignity (2007) Breathe In. Breathe Out. (2015)

Keppelings om utens Offisjeel webstee Offisjeel webstee albums

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk dance-artyst Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk muzykprodusint Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk telefyzjepresintator Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk moadeûntwerper Kategory:Amerikaansk romanskriuwer Kategory:Amerikaansk skriuwer fan romantyske fiksje Kategory:Amerikaansk filantroop Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ulstersk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Welsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1987