thumb|250px|Gerrit Komrij yn 1994 thumb|250px|Gerrit Komrij, Vila Pouca Da Beira, 1994

Gerrit Komrij (Winterswyk, 30 maart 1944 - Amsterdam, 5 july 2012) wie in Nederlânsk dichter, skriuwer, oersetter, kritikus, polemist en toanielskriuwer. Hy wie fan 2000 oant 2004 de Dichter des Vaderlands. Komrij is ferneamd om syn firtuoaze en kleurrich taalgebrûk.

Biografy Gerrit Komrij waard berne, skreau er yn Demonen, yn de Iepenstraat 23 ('yn in arbeidersbuert - type túndoarp')Yn: Demonen, 2003 yn Winterswyk. Op de Ryks-HBS skreau er gedichten en oare bydragen yn de skoalkrante. In drukkerij yn Winterswyk printe yn 1963 syn earste bondel fan fjouwer gedichten, Dekonstruktie in vier delen. Foar Komrij wie dat lykwols in sabearedebút, syn wiere debút as dichter wie de bondel Maagdenburgse halve bollen en andere gedichten yn 1968. Yn 1976 skreau er op muzyk fan Boudewijn de Groot it liet Kinderballade, dat in jier letter op single ferskynde. Yn 1979 publisearre er de earste ferzje fan de blomlêzing De Nederlandse poëzie van de 19de en 20ste eeuw in 1000 en enige gedichten. Nei in fearnsiuw wie dy bibel fan de dichtkeunst fan de Lege Lannen yn 2004 troch útwreiding ta oan in fjirtjinde druk mei de oanpaste titel Nederlandse poëzie van de 19de t/m de 21ste eeuw in 2000 en enige gedichten.

Tegearre mei syn partner, Charles Hofman, emigrearre Komrij 1984 nei Portugal en sette him nei wenjen yn Alvites, yn de bergen fan Trás-os-Montes. Yn 1988 ferhuze er nei Vila Pouca da Beira.

Yn 1990 hold er yn de Piterstsjerke te Leien de Huizingalêzing oan de Universiteit Leien.De titel fan de lêzing wie: 'Over de noodzaak van tuinieren'. ISBN 90-351-1055-2 Trije jier letter ûntfong er de P.C. Hooft-priis foar syn beskôgjend proaza. Op 26 jannewaris 2000 waard Komrij troch Nederlânske lêzers útroppen ta earste Dichter des Vaderlands, foar fiif jier. In jannewaris 2004 joech er syn funksje oer; hy waard yn 2005, neidat Simon Vinkenoog ad interim de honneurs waarnaam hie, opfolge troch Driek van Wissen en yn 2009 troch Ramsey Nasr.

Gerrit Komrij waakste ta in wurdearre skriuwer en in kritikus dêr't minsken benaud foar wiene. Hy wûn tal fan literêre prizen en krige op 8 febrewaris 2000 in earedoktoraat fan de Universiteit Leien. By gelegenheid fan syn sechtichste jierdei organisearre it Nederlânsk Letterkundich Museum yn 2004 de útstalling Scripta Manent, maar niet altijd – Gerrit Komrij zestig jaar.Scripta Manent, maar niet altijd - Gerrit Komrij zestig jaar

Yn 2009 ferskynde de aparte útjefte Dansen op Spijkers, in cd, makke mei komponist Louis Gauthier, mei in part fan Komrij syn wurk yn lietfoarm. Komrij skreau dat jier ek it Grut Diktee fan de Nederlânske Taal en stie oan de widze fan de Turing Nasjonale Gedichtekriich, ynspirearre troch de National Poetry Competition yn it Feriene Keninkryk. Yn 2011 wie er ferteller en skriuwer, yn it teaterstik De zeven zonden van Jeroen Bosch tegearre mei Camerata Trajectina.

Yn 1976 skreau Komrij foar NRC Handelsblad in jier lang kollumns oer telefyzje. De dichter waard sadwaande mear ferneamd by in grutter publyk as resensint dy't net benaud wie om fijannen te meitsjen.Gerrit en de treurbuis, De Groene Amsterdammer, 6 jannewaris 2011 De jierren '90 skreau er foar de NRC oer literêre saken. Fan maart 2011 ôf fersoarge er in jier lang it weblog 'Komrij 2.0' op de ynternetside fan de krante oer syn ûnderfinings as 'technologykolumnist' yn de digitale wrâld.Gerrit Komrij, de technologiecolumnist, NRC, 6 july 2012

Komrij stoar nei in koart siikbêd yn it Onze Lieve Vrouwe Gasthuis yn Amsterdam.Gerrit Komrij (68) overleden, NOS, 6 july 2012

Prizen 1970 - Poëzijpriis fan de gemeente Amsterdam foar Alle vlees is als gras, of Het knekelhuis op de dodenakker 1975 - Cestoda-priis 1979 - Busken Huetpriis foar Papieren tijgers 1982 - Herman Gorterpriis foar De os op de klokketoren 1983 - Kluwer-priis foar syn hiele oeuvre 1992 - Frans Erenspriis foar syn hiele oeuvre 1993 - P.C. Hooft-priis foar syn beskôgjend proaza 1999 - Gouden Uil foar In Liefde Bloeyende 2008 - Zilveren Griffel foar De Nederlandse kinderpoëzie in 1000 en enige gedichten

Bibliografy thumb|De schoolverlater (Leien) 1968 - Maagdenburgse halve bollen en andere gedichten 1969 - Alle vlees is als gras, of Het knekelhuis op de dodenakker 1971 - Ik heb Goddank twee goede longen 1972 - Tutti-frutti 1973 - Op de planken. Episodes uit het leven van de tragédienne Zizi Maëlstrom en de toneelkunstenaar Sacha Culpepper 1974 - Komrij's patentwekker 1974 - Daar is het gat van de deur 1975 - Fabeldieren 1975 - De wonderbaarlijke lotgevallen van Jubal Jubelslee, tekene fan Rodolphe Töpffer, op rym set troch G. Komrij 1977 - De Verschrikking gedichten 1977 - Horen, Zien en Zwijgen. Vreugdetranen over de treurbuis. TV-kritiken 1977 - In het zwarte woud, yn: Drie mannetjesputters fan De Arbeiderspers by Scheltema Holkema Vermeulen 1978 - Capriccio 1978 - Sing Sing 1978 - De ontmoeting 1978 - Dood aan de Grutters 1978 - Heremijntijd. Exercities en ketelmuziek 1978 - Papieren tijgers 1979 - De stankbel van de Nieuwezijds Contra Scientology 1979 - Het schip De Wanhoop 1979 - De Nederlandse poëzie van de 19de en 20ste eeuw in 1000 en enige gedichten 1980 - Verwoest Arcadië 1980 - Averechts 1980 - De bibliofiel 1980 - Peper en zout 1980 - De zonderlinge avonturen van Primus Prikkebeen, mei orzjinele tekeningen fan Rodolphe Töpffer en berime troch Gerrit Komrij; mei neiwurd fan Dirkje Kuik 1981 - Onherstelbaar verbeterd 1981 - Het kroost van Aagt Morsebel 1982 - Praag 1982 - De os op de klokkentoren gedichten 1982 - Gesloten circuit 1982 - Het chemisch huwelijk 1982 - Aan een droom vol weelde ontstegen 1983 - De paleizen van het geheugen 1983 - De muze in het kolenhok 1983 - Het boze oog 1983 - Dit helse moeras 1984 - Alles onecht, eigen keuze uit het gehele poëtisch oeuvre 1985 - De gelukkige schizo 1986 - Verzonken boeken 1989 - Humeuren en temperamenten 1990 - Over de bergen 1991 - Met het bloed dat drukinkt heet ferhalebondel 1992 - De Pagode 1992 - De buitenkant. Een abecedarium 1996 - Een zakenlunch in Sintra en andere Portugese verhalen 1997 - Niet te geloven essay by gelegenheid fan de Boekewike 1997 - Pek en zwavel, polemieken en essays, een keuze 1998 - In Liefde Bloeyende. De Nederlandse poëzie van de twaalfde tot en met de twintigste eeuw in 100 en enige gedichten, poëzie en commentaren 1999 - De Afrikaanse poëzie in 1000 en enige gedichten 1999 - Erg! Iets over de nieuwste literatuur. (ûnder pseudonym Patrick Demompere) 1999 - De tranen der ecclecia's lêzing by inauguraasje W.F. Hermans Instituut 2000 - Poëzie is geluk rede 2000 - 52 Sonnetten bij het verglijden van de eeuw gedichten 2001 - Trou Moet Blycken of opnieuw In Liefde Bloeyende. De Nederlandse poëzie van de twaalfde tot en met de eenentwintigste eeuw in 100 en enige gedichten 2001 - Luchtspiegelingen. Gedichten, voornamelijk elegisch gedichten 2001 - Vrouwen van Nederland. beskôging 2001 - Vreemd pakhuis beskôgingen 2001 - Hutten en paleizen. De mooiste gedichten gedichten 2001 - De klopgeest roman 2002 - Inkt. Kapitale stukken beskôgingen 2003 - Lang leve de dood. Een bloemlezing in honderd-en-enige gedichten gedichten 2003 - Een zakenluch in Sintra ferhalen 2003 - Demonen autobiografische ferhalen 2004 - Alle gedichten tot gisteren gedichten 2004 - Hercules roman 2004 - Wagner en ik 2005 - Gouden woorden kritiken 2005 - Spaans benauwd gedichten 2005 - Fata morgana gedichten 2005 - Eendagsvliegen deiboekfragminten 2005 - Kost en inwoning. De Nederlandse poëzie in enige nagekomen gedichten 2006 - Kakafonie 2007 - De Nederlandse kinderpoëzie in 1000 en enige gedichten 2007 - Luchtdicht verpakt(gedichten, i.g.m. Bart Verheyen) 2008 - Ballade van de boekenjager gedichten 2008 - Vila Pouca : kroniek van een dorp 2009 - Dansen op Spijkers gedichten op muziek (mei Louis Gauthier) 2010 - Morgen heten we allemaal Ali

Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn 1944 Kategory:Persoan stoarn yn 2012