Wijtske van Dijk-Meindersma (Wânswert, 11 febrewaris 1902 - Peize, 10 novimber 2010) wie sûnt 16 oktober 2009, foar safier as bekend is, de âldste noch libjende ynwenner fan Nederlân, nei it ferstjerren fan de 107-jierrige Bertha van Hasselt.
Van Dijk-Meindersma wennet yn Peize, Drinte. Sûnt 1976 wie Nederlân syn âldste ynwenner net earder sa jong by it oerdragen fan de titel. Van Dijk hat it measte part fan har libben op It Amelân en yn Ljouwert wenne. Sy bedarre yn Peize omdat har neiste famylje dêr wennet.
Van Dijk-Meindersma wie troud mei ds. Dirk van Dijk.
Sjoch ek List fan âldste Friezen
Kategory:Frysk húsfrou Kategory:Aldste persoan fan Fryslân Kategory:Nederlânsk húsfrou Kategory:Aldste persoan fan Nederlân Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn Wânswert Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 2010