thumb|Isabelle Fuhrman yn 2010 Isabelle Fuhrman (Washington, D.C., 25 febrewaris 1997) is in Amerikaanske jeugdaktrise en spile ûnder oare yn 'e film Orphan de rôl fan Esther Coleman.
Biografy Isabelle Fuhrman is berne yn Washington, D.C., en opgroeid yn Atlanta. Har mem, Elina Fuhrman, berne yn de Sowjetuny, is sjoernaliste. Har heit, Nick Fuhrman, wurke by de Republikeinske Partij yn Wiskonsin. Se hat ien âldere suster, Madaline Fuhrman. Fuhrman's karriêre begûn op har sânde, doe't se by de telefyzjestjoerder Cartoon Network caste waard foar in telefyzjeshow. Har debút foar grut publyk kaam in jier letter, yn 2007 mei de film Hounddog. Yn 2009 kaam de film Orphan út, dêr't se gearwurke mei ûnder oare Vera Farmiga en Peter Sarsgaard. Se waard caste by in nasjonale syktocht nei de haadpersoan troch Warner Bros. Doe't Leonardo DiCaprio in audiotape fan Fuhrman hearde, besluet hy dat hy Orphan net sûnder har meitsje woe. Har fertolkjen fan de rôl fan Esther leverde gâns lôvjende resinsjes op. In oar wolbekend optreden fan Fuhrman wie de rôl fan Gretchen Dennis (aka ghost girl), dy't se mei Jennifer Love Hewitt fertolke yn de tv-hit Ghost Whisperer. Ek wurke se al mei oan ferskate commercials foar ûnder oare de Pizza-hut en K-mart.
Filmografy Jier Film Rol Status 2006 Justice Grace O'Neil TV 2007 Hounddog Grasshopper 2008 Ghost Whisperer Gretchen Dennis TV 2009 Orphan Esther Children of the Corn (stim) 2010 Sammy's Adventures: The Secret Passage Hatchling Shelly (stem) post-productie 2011 Pleading Guilty Carrie TV Salvation Boulevard Angie 2013 After Earth Rayna
Kategory:Amerikaansk stimakteur Kategory:Amerikaansk telefyzje-akteur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk persoan fan Russysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1997