thumb|left|175px|Nico Engelschman en Arend Hauer (rj.) yn in ôflevering fan Vrouwtje Bezemsteel, 1964. Arend Hauer (Utert, 14 septimber 1909 - Skiermûntseach, 27 jannewaris 1985) wie in Nederlânsk akteur.
Hauer wie benammen warber op it mêd fan amateurtoaniel. Dêrneist spile er ek yn in stikmannich telefyzjesearjes. Hy wie belutsen by de Nederlânske Amateur Toaniel Uny en joech ek toanielles. Hauer wie boaske oan de aktrise Teunke Mellema (1906-1979), tegearre spilen sy noch yn 1975 yn de searje Oorlogswinter. Hauer en syn frou binne de âlden fan akteur Rutger Hauer (1944-2019).
Yn 2001 krige de haadpris fan de Nederlânske Teater4daagse de namme Arend Hauer Theaterprijs, fanwege syn krewearjen foar de ûntjouwing fan it amateurteater.Haadprizen Teater4daagse
Rollen 1936: Van 8 tot 12 is vier uur, harkspul 1940: Hamlet, teaterstik, as HoratioHamlet performances 1949: Hamlet, teaterstik, as de Geast 1963-1964: De Duivelsgrot, telefyzjerige as professor Librock 1970-1972: De kleine waarheid, telefyzjerige, as pastoar 1975: Oorlogswinter'', telefyzjerige
Kategory:Nederlânsk harkspulakteur Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Persoan stoarn op Skiermûntseach Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1985