thumb|225px|Metropoal Accra thumb|225px|It Labidi-strân foar Accra Accra is de haadstêd fan Gana. De stêd leit oan de Atlantyske Oseaan. Yn de stêd wennen goed 1.6 miljoen minsken yn 2001, foar 2011 wurdt it ynwennertal op in lytse 4 miljoen rûsd. Accra is grutste stêd fan it lân.
Skiednis De earste bewenners fan Accra wiene de Ga. It tsjintwurdige Accra ûntwikkele har ta in grut plak om de Britske en Nederlânske forten dy't yn de 17e iuw boud waarden. Yn 1877 waard it haadstêd fan de Britske koloanje Gold Coast. Neidat in spoarwei nei de minen en it agraryske efterlân oanlein waard, ûntwikkele Accra him ta it ekonomyske sintrum fan Gana.
Nijsgjirrichheden Yn Accra stiet it nasjonaal museum, de Ganeeske akadeemje foar keunsten en wittenskippen, it nasjonaal argyf en de sintrale biblioteek.
Berne yn Accra Marcel Desailly (7 septimber 1968), Frânsk fuotballer Ali Ibrahim (1 septimber 1969), fuotballer Samuel Johnson (25 july 1973), fuotballer Yaw Preko (8 septimber 1974), fuotballer Nii Lamptey (16 desimber 1974), fuotballer George Boateng (9 maaie 1975), Nederlânsk fuotballer Aziz Zakari (8 juny 1976), sprinter Isaak Kuoke (6 maaie 1977), fuotballer Eric Addo (12 novimber 1978), fuotballer Patrick Allotey (13 desimber 1978), fuotballer Sammy Adjei (1 septimber 1980), fuotballer Stephen Appiah (24 desimber 1980), fuotballer Anthony Obodai (6 augustus 1982), fuotballer Michael Essien (3 desimber 1982), fuotballer Derek Boateng (2 maaie 1983), fuotballer Ransford Addo (21 july 1983), fuotballer Asamoah Gyan (22 novimber 1985), fuotballer
Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak yn Gana Kategory:Plak stifte yn de 15e iuw