Nieuwerhoek is in buorskip yn 'e gemeente Stichtske Fecht yn 'e provinsje Utert. It leit op it doarpsgebiet fan Loenen oan de Fecht oan 'e Ryksstrjitwei nei Nieuwersluis.

Bûtenpleats Nieuwerhoek De stifting fan Nieuwerhoek is ferbûn mei de bou fan in bûten om 1625 hinne troch de Amsterdamske keapmansfamylje Van Hoek. Yn 1710 waard it bûten troch de famylje ferkocht oan Jan van Tarelinck. Ferskate nije eigners folgen, lykas W.B. Pook van Baggen yn 1827.

Hjoed-de-dei bestiet it bûten út ferskate ryksmonuminten, wêrûnder it haadgebou mei in hast gelikense foar- en eftergevel. Hoewol't yn 'e rin fan 'e tiid oanpassingen folgen, is it oarspronkelike haadgebou frij geef bewarre bleaun. Fierder hearre ta Nieuwerhoek ek de tún- en it park, twa bygebouwen út likernôch 1800, en twa tagongsbrêgen mei hagen. Yn it ferline stie op in fiver ek in útsjochtuorke.

Kategory:Loenen Kategory:Plak yn Stichtske Fecht