Kerklaan is in buorskip yn 'e gemeente Stichtske Fecht yn 'e provinsje Utert. It leit oan it Amsterdam-Rynkanaal tusken Loenen oan de Fecht en Loenersloot by de Loenerslootse Brêge.

Kerklaan leit op ien fan 'e histoaryske streamrêchen fan âlde Fechttakken. Eartiids hiet it plak Slootdijk. Nei de Reformaasje waard yn Slootdijk in skûltsjerke boud, dy't yn 1857 ferfongen waard troch in neogoatysk tsjerkegebou. Troch dy tsjerke krige it buorskip de hjoeddeiske namme Kerklaan. By de tsjerke waard ek in katolike skoalle boud, de Sint-Ludgerusskoalle. Oan it begjin fan 'e jierren 1960 wiene sawol de tsjerke as de skoalle yn in minne steat. It tsjerkebestjoer woe de tsjerke en de skoalle yn it earstoan opknappe, mar it rûn oars.

Doe't bekend waard dat der yn Loenen oan de Fecht sa'n 400 hûzen byboud waarden, waard nei in soad strideraasje it beslút nommen dat de skoalle dêr oan 'e Prinses Margrietlaan nijbou krige. Eefkes letter waard yn dat útwreidingsplan ek de nije tsjerke boud.

Kategory:Loenen Kategory:Plak yn Stichtske Fecht