Dizze side jout in oersjoch fan de skiednis fan De Tynje per ûnderwerp. Wikipedy hat ek in gronologyske gearfetting fan de Tynjester skiednis.
De skiednis fan De Tynje
It lânskip en de grûn Fan âlds krinkelet der in rivierke troch it gebiet dat hjoed-de-dei Opsterlân neamd wurdt. Op him sels is dat in nijsgjirrige namme. Yn 1395 hjit de biskop fan Utert dizze kontreien Vpsteraland, wat neffens S.J. van der Molen yn syn djipgravende stúdzje 'Opsterlân' út 1958 stiet foar 'op lân sittend'. 'Stera' of 'stra' is eins 'sitera', siz mar situearre. De namme fan de gritenij Opsterlân wiist dan op de mienskippen dy't harren ta wenjen set hienen boppe op de hege sângrûnen oan wjerskanten fan de Haadstream, wat yn it Latyn Haudmare wie. Dy hegere streken krigen gauris in namme mei 'wâld' deryn, de doarpen dêre lyksa. Dan moat der net tocht wurde oan bosken mei heech beamguod, mar oan toendra-eftige flakten mei leech opgeand hout op de heger lizzende, drûge parten. Sels op de westlike legerein fan Opsterlân dêr't De Tynje no leit, wienen en binne der noch lange útrinners fan sânhichten ûnder it feanige boppeflak. It seit himsels dat de minsken der belang by hienen en kies dêr de paden foar de geande en de kommende man.
Sa wie der de Lytse Wâldwei, dy't begûn by de Sânpôle oan de Terwispelder Krûmewâl (de ferbining tusken de Alddyk en de Brêgeleane) en dy't op it Moedjip oan rûn. Letter waard dy wâldwei Nije Reed neamd en -nei in knik by it Moedjip- as Skoalpaad trochset oant de Rôlbrêgedyk ta. Dy hjitte eartiids ek oars: Riper Wâldwei. It is bekend dat dêr, wêr't dy twa wâldwegen gear kamen, de hiemen en de hûzen heech en drûch leinen. De tsjintwurdige persielen 21 en 23 hienen earder wol in sleat oan de dykskant, mar wetter stie der nea yn. Wol by de buorlju fan 19 en 25, mar dêr wienen de sleatten mei harren steile talúds tige djip útslat.
As dêre it fean it pear spit djip romme waard, sieten jo sa op it wite sân en al rillegau op de donkerbrune hurde felslaach. In pear hûndert meter fierderop lei in sodde, dêr't om 1950 hinne noch in Amerikaanske wynmûne by stie om it slimste wiet der wei te hâlden. Op in âlde kaart is te sjen dat wer in eintsje fierder in 'set' yn de wei lei. Dêr moat dus in wetter dwers op 'e dyk rûn ha, faaks útrinnend yn it Moedjip troch in rûge stripe mei in soad rusken.
Oant 1950 ta lei der noch in stûfe en rejale bulte op it stee, dêr't de nei-oarlochske nijbou kaam is. Dêr wenne de famylje Weiland mei grutte houten skuorren op it hiem, dy't mooglik tsjinne hienen as turfskuorren, saneamde hoopsteeën. Op guon plakken sieten grutte liembulten ûnder in tinne klynlaach. Dy soenen yn 'e rin fan de tiid as sedaasje efterbleaun wêze as it wetter fan de Middelsee troch fûleindige seestoarmen it lân ynjage waard.
Iuwen foardat der op De Tynje ek noch mar in hûs stie, hat der yn 'e buert fan it hjoeddeiske doarp in kapel stien, oan de Klokmêd. Op dat lân waarden dúdlike spoaren fûn fan dy kapel, doe't men om 1980 hinne in sleat groef dêr't Midsiuwske âldfriezen yn nei boppe kamen. It gebiet waard sporadysk neamd op âlde kaarten as Ryp, wat wize kin op in doarpsnamme.
Yn 1315 komt de kapel foar op in list fan alle 29 dy't ûnder de memmetsjerke fan Aldeboarn hearden. Lykas de kapel fan Wispolia, Terwispel. Dy wie yn 1336 in tsjerke mei in pastoar. Mar fan it Rypster kapeltsje hat nea mear praat west. Likemin as fan Rypster folk. Mar op in pear kilometer fan it kapeltsje, rjochting Aldeboarn, wie al in tsjerkhôf. Troch de feanterij binne hjir lykwols gjin spoaren fan oerbleaun. Van der Molen: 'Spitich, dat der al wit hoe ier sa bot yn 'e klynlannen bewesten Terwispel omdold is, dat wy wol nea oan 'e weet komme sille hoe't it lan der krekt hinnelein hat'.
De wetterlopen De Haudmare ûntstiet by It Foarwurk, tusken Sigerswâld en Bakkefean. Dêr hat er as namme It Alddjip. By De Sweach omhinne wurdt er wolris Keningsdjip neamd. Mar fierderop, oant Raard ta hjit er De Boarn. Yn de midsiuwen hjitte it dekanaat Borndego. En twa doarpen bûten Opsterlân ûntliene harren namme oan it rivierke: Aldeboarn en Boarnburgum. It lêste falt te begripen as men foar it ferstân hâldt dat yn wide omkriten de boeren maitiids en yn de ûngetiid gêrs en hea by de Boarn weihellen.
Hjerstmis en winters strûpten oan beide kanten de mieddens finaal ûnder. Dat wie sels yn 1945 noch sa. Dan lei by de Rôlbrêge de hiele flakte tusken de polderdyk en de Beetster Janssenstifting ûnder it iis. Maitiids foel it sompige lân drûch en dan waard it in wiidwreidich paradys mei in oerfloed oan wetterfûgels en wetterblommen, tusken en boppe it blaugêrs.
De boeren moasten der al wat foar oer hawwe. Dy fan Lúkswâld rieden oer de Lúksterheawei, de Breewei, de Riper Wâldwei, dêr in set oer en dan de Moehimsterheawei del nei de Mouwe en de Dilft of Dulf ta om harren gerak te krijen. Dat sil grif net sûnder oerlis en ôfspraken tagien wêze. De Terwispelders moasten harren part ek hawwe, mar dy koenen tichterby ek telâne, yn de mieddens, de warren, de mersken fan it Moedjip, de Wide Wispel en de Ald Ie. Se hienen mear as ien heawei ta harren foldwaan, mar de Moewei wie it koartste paad op de Boarn ta. Moedjip, Moewei en Moehimsterheawei tankje harren namme oan De Mouwe, it gebiet dêr't se alle trije op útrûnen (Moer, d.i. klyn, hat it neat mei te krijen).
De gerjochtichheid fan de Terwispelders wie ûnbidich grut. Der wie dus ek in soad te heljen. Fral oan de noardwest kant, dêr't de Boarn in mânske bocht makket, leinen de healannen foar it útsykjen. Mar dan moasten se der al earst komme mei harren weinen en ark. Troch de Brêgeleane, dêr't al ier in flapbrêge oer it Moedjip yn lei, de Breewei of Breedyk del, dan oer de Wynjewei en de Warrewei op de Ulesprong ta. Of noch fierder fuort: de Koarte en de Lange Ripen bylâns sawat oant Warniahuzen ta.
By it bestudearjen fan de kaarten dy't der sûnt de sechstiende iuw makke binne, docht bliken dat yn de Wâlden, de Ripen en de Warren suver neat feroaret oant 1800 ta. Mar op de grinsgebieten mei Langsweagen, Lúkswâld en Gersleat begjint nei 1600 in ûntjouwing dy't der net om lycht. Ynienen ferskynt op de kaart in tige lange wetterloop dy't begjint by de oergong tusken de Wispel en it Moedjip, dêr't no it swimbad leit. Dy krúsket in eintsje fierder de Lúksterheawei en de Breewei heaks, en makket fierderop in bocht nei it Noarden op de Wynjewei ta. As er dêr trochhinne is -wêr't no de âld-molkfabryk stiet-, giet er fuort de kant fan de Ulesprong op en set dêr mei in lêste knik op de Boarn by Easterboarn ta.
Sa't it niis beskreaun is, hat it der faaks fan dat it doe al in steal streekrjochte stikken feart wienen, dy't efterinoar in nije feart foarmen. Mar op de earste kaarten liket it dêr perfoarst net op. Benammen op 'e úteinen sjocht it der slim krinkelich út.
Nei alle gedachten hawwe dêr altyd al sydstreamkes fan de Boarnster Boarn en de Terwispelder Wispel west. Fral it lêste hoecht net te fernuverjen, want sels op de TMK fan 1853-'56 rint der sa'n streamke fan Lúkswâld ôf De Hege Dyk bylâns, oer de Lúksterhoarne nei de Aldeweister Feart op en dan mei in wide bôge werom it Easten yn, troch de Lytse See en dan op de Wispel ta. It falt net te bewizen, mar dat wetter hat grif de 'tinie', 'tienje' of 'tynje' west. Nijsgjirrich is dat oan de oare kant fan Anjewier, tusken Lúnbert en Kostverloren, in wetter kringele dat de Krûme Tynje hiet. De tynje wie foar de Lúkswâlders de natuerlike freding, dêr't se oan de ein fan de Heawei by in furde trochhinne wâldzje moasten. Dat wie doe -en no yn berchige streken noch- hiel gewoan, alteast bûten de hjerst- en de wintertiid. De 'hoofdige' Achterhoekse dwersbongel-fan-in-boer út it gedicht fan Staring hat der in ûnferjitlike namme oan oerholden. Dat op dat stee, by dy furde yn de tynje al lang mear lein hat as in grauwe groppe, wurdt ek ferklearre trochdat krekt dêre de heawei al wit hoe ier fan namme feroare yn Breewei.
Feanterij by Terwispel en Koartsweagen Oan de east- en de súdkant fan de Wispel, dy natuerlike wide plasse, wie om 1600 hinne ek fan alles te rêden. De lju fan Terwispel hienen harren wengegiet rûnom bedike. Fan de Ald Ie by Trimbeets ôf wie dat oan de east- en noardkant de Alddyk. Westlik leinen yn ien rige de Krûmewâl en de Westerleane, oant de Klidze ta. Oan de súdside wie bylâns de Ald Ie, dy't dêr De Krûmten hjit, de Leidyk of Leits dellein.
Sa wie der in polder makke, dy't drûch holden wurde koe mei wynmûnen. Dêr stienen in stikmannich fan by de trijesprong mei de Brêgeleane. Dy sloegen it wetter oer yn de Wispelplasse. Sa koe it dat binnen de diken, lykas dat op de hege feanen barde, turf út de klyn stutsen waard. Wichtiger wie dat binnen en bûten de polder de aldfryske metoade fan baggeljen tapast wurde koe. Dat soks bêste baalders opsmiet, docht bliken as de Wurdumer tsjerke der yn 1634 grou jild foar oer hat.
Oant 1650 ta waard yn de omkriten dy't no Koart- en Langsweagen hjitte, eins allinne mar feane besuden de Hegedyk. De earsten dy't der ferlet fan hienen en besykje it oan de Terwispelder kant, wienen de jonkers Van Dekema. No is turfmeitsjen neat, mar it guod ek by de klanten krije is in ding. Dêr wienen wiken en gruttere farwetters foar. De earste fan dy adelike mannen, Juw alias Julius à Dekema, ien mei kwizekwânsjes, krige it klear en slat de Jonkersfeart dwers troch de Hegedyk hinne. Dy lei der al yn 1580, mei in fallaat tusken de dyk en de Ald Ie. Folle letter is fierderop it Jonkersrek of Jonkersgat útdold as ferbining mei it Klidzerjocht. Dat it lykwols net goed slagje woe mei de nije ûndernimming, sil grif ek in sintekwesty west hawwe. Want de Skoatterlanners lieten harren goed betelje foar eltse skûte mei turf dy't harren gebiet yn foer. Mar der hie altyd, eins oan ien tried wei, in soad spul west om it trochgraven fan de Hegedyk. It wie ommers net samar in dyk, dêr't der wol mear fan binne.
De Hegedyk De Hegedyk moast fan twa kanten it wetter keare of heine. Net allinnich by heech wetter fan de Boarn of mei foele stoarm út it westen, ek om foar te kommen dat yn Skoatterlân (De Knipe bygelyks) de feanen simmers te drûch rekken. Gritenijen dy't streekrjocht mei de dyk te krijen hienen, lykas Haskerlân, Anjewier (Aengwirden) en Opsterlân, mar ek Utingeradiel, Wymbritseradiel en Doanjewerstal wienen geregeld belutsen by skeel om it trochstekken fan de dyk. Undernimmende jonkers, hearen en kompanjons moasten gauris belies jaan.
Der spile ek in oare saak fan belang. Dat die benammen bliken yn en sûnt 1672. Yn dat rampjier hjitte it lân 'reddeloos', it regear 'radeloos' en it folk 'redeloos' te wêzen. Doe koe Bjentsje fan Galen, mear kend as Bommen Bearend, mei syn Munsterske troepen oant Sumar, De Wylgen en Langsweagen ta hûshâlde. De ferdigingsline mei skânsen de Hegedyk bylâns, oant yn Drinte ta, wie min ûnderholden. Dat waard sûnt ferholpen: de Terbantsterskâns waard opknapt en fersterke, op De Gordyk kaam der in mânske nije by. De Gordykster feart, doe noch de Koartsweagemer Goarresleat, lei dêr oars yn 1641 al, kompleet mei flapbrêge en fallaat. En mei oansluting op de kanalisearre Krûmten, it Klidzerjocht en de Wispel.
Jonkers en kompanjons, tynjes en setten Safier wie it doe op De Tynje noch net hielendal. Allinnich yn de Brêgeleane lei in flapbrêge oer it Moedjip, eins mear oer de koarte, smelle ferbining tusken twa streamplassen yn: de tige wide Wispel en it minder wide Moedjip. Fierder gjin brêge te bekennen. Wol in feart, of wat in feart wurde soe.