thumb|260px||Bujumbura yn Boerûndy Bujumbura is de haadstêd fan Boerûndy. De stêd leit oan de Tanganjikamar en is mei in befolkingstal fan nei skatting 500.000 (2005) de grutste stêd fan it lân en it administratyf en ekonomysk sintrum. De wichtichste yndustryen binne tekstyl en sjippe. Bujumbura is ek de grutste havenstêd fan Boerûndy en ferskipt kofje, katoen en tin-ertsen.

Yn de Dútske koloniale tiid en yn it tiidrek fan it Belgysk bestjoer wie de namme Usumbura. By de ûnôfhinklikens fan it lân yn 1962 waard de namme feroare yn Bujumbura.

Skiednis Bujumbura wie oant 1889 in ienfâldich doarp doe't it Dútsk koloniale bewâld hjir in militêre post festige. Dútslân moast nei it ferliezen fan de Earste Wrâldkriich de koloanje yn 1918 ôfstean oan Belgje.

Sûnt de ûnôfhinklikens fan Boerûndy hat de stêd in protte it toaniel west fan gewelddiedige twisten tusken de twa grutte befolkingskloften fan it lân, de Hûtûs en Tûtsys.

thumb|left|225px|Sakewyk yn Bujumbura Berne Shabani Nonda (6 maart 1977), Kongoleesk fuotballer Mohammed Tchité (31 jannewaris 1984), fuotballer Kassim Bizimana (29 desimber 1985), fuotballer Saidi Ntibazonkiza (1 maaie 1987), fuotballer

Kategory:Haadstêd yn Afrika Kategory:Plak yn Boerûndy Kategory:Plak stifte yn 1871