thumb|Gysbertus Schot
Gijsbertus Schot (Dokkum, 21 juny 1810 - Frjentsjer, 4 febrewaris 1889) wie fan 1865 - 1889 lid fan de Earste Keamer foar de liberalen. Hy studearre Romeinsk- en Hjoeddeisk Rjocht yn Leien en Grins. Neist senator wie hy ek abbekaat, notaris en gemeenteriedslid en wethâlder yn Frjentsjer. Yn de Earste Keamer hâlde er him benammen dwaande mei de belangen fan Fryslân.
Schot hat twa kear troud west, earst mei Aaltje Banga (1809-1840), dochter fan dr. Jelle Banga (1786-1877), en dêrnei mei Catharina Magdalena Zeper. Hy krige yn totaal trije dochters, twa út it earste en ien út it twadde houlik. Sûnt 12 oktober 1880 wie hy Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Kategory:Frysk abbekaat Kategory:Frysk notaris Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk gemeenteriedslid Kategory:Frysk wethâlder Kategory:Earste Keamerlid Kategory:Frysk liberaal Kategory:Persoan berne yn Dokkum Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Liberalen Kategory:Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw Kategory:Persoan berne yn 1810 Kategory:Persoan stoarn yn 1889