Wouter Theunis Zwart (Wergea, 22 febrewaris 1891 - Ljouwert, 31 augustus 1983) wie (âld) feeboer.
Zwart lei yn 1919 de grûnslach foar de Lânboujongerein (hy rôp de jongerein op har te organisearjen yn it artikel 'Fryslân omheech') en wie fan 1919 oant 1942 foarsitter fan dy klup. Teffens wie er foarsitter fan de Jongfryske Mienskip en wie er foarsitter fan de Fryske Bibleteek. Fierders wurke er mei oan it Frysk Lânboublêd, dêr't er de jeugdrubryk en de feekeurings die.
Publikaasjes Wouter Zwart fortelt fan syn Jongerein-idéael yn: Ljouwerter Krante, 12 febrewaris 1960. - Fryslân Omheech yn: Friesch Weekblad, 18 jannewaris en 8 febrewaris 1919.
Kategory:Frysk boer Kategory:Frisiast Kategory:Frysk taalaktivist Kategory:Persoan berne yn Wergea Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1983