Jan Andries Blokker (Amsterdam, 27 maaie 1927 - dêre, 6 july 2010) wie in Nederlânske sjoernalist, kollumnist, skriuwer, publisist en amateur-histoarikus.
Biografy Hy waard berne yn de Amsterdamske Admiralebuert en groeide op yn in frijsinnich-liberale húshâlding. Syn heit wie kantoarman, en syn mem wie in Friezinne. Fan syn sânde jier ôf seach Blokker mei syn heit alle wiken it Polygoon-sjoernaal yn de Cineac. Blokker trochrûn de H.B.S. oan de Keizersgracht, en begûn yn 1944 oan it steatseksamen gymnasium-alfa. Dêrnei studearre er Nederlânske taal- en letterkunde en skiednis, mar makke beide stúdzjes net ôf.
Jan Blokker begûn as sjoernalist by Het Parool as learling-ferslachjouwer. Dêrnei gie er oan de slach as filmredakteur by it Algemeen Handelsblad. Fierder wurke er jierrenlang foar de VPRO en skreau hy filmsenario's, berneboeken en romans. Hy skreau jierrenlang kollumns foar de Volkskrant. Yn 2006 stapte er oer nei nrc.next en NRC Handelsblad.
Yn 2003 krige er de Gouden Ganzenveer en waard twaris ûnderskieden mei in Gouden Kalf.
Prizen 1950 - Reina Prinsen Geerligspriis foar Séjour 1961 - Kinderboek van het jaar foar Op zoek naar een oom 1993 - Gouden Kalf (Kultuerpriis) 1995 - Gouden Kalf (Fakpriis: senario) 2003 - Gouden Ganzenveer 2004 - Earedoktoraat Ryksuniversiteit Grins 2006 - De Machiavellipriis (priis foar publike kommunikaasje)
Bibliografy 1950 - Séjour 1952 - Bij dag en ontij 1954 - Parijs, dode stad 1955 - Avontuur in Frankrijk 1956 - Knollen en citroenen 1960 - Op zoek naar een oom 1961 - Niets aan de hand 1974 - Ben ik eigenlijk wel links genoeg? 1975 - Kijk uit, achter je 1976 - Ga direct naar de gevangenis, ga niet langs AF en ontvang geen f 200,- 1977 - Het eeuwige examen 1978 - Altijd is Kortjakje ziek 1978 - Het Kalekoppenhuis 1979 - Afscheid van televisieland 1979 - Jeroen de Grote 1980 - Mij hebben ze niet 1981 - Als de dag van gisteren 1982 - Is m'n haar eigenlijk al weer kort genoeg? (ISBN 9061691710) 1984 - Mag het ook zwart? 1986 - Het station van Heerenveen (ISBN 9061692997) 1986 - Kwaliteit staat er boven 1987 - Het hart van Europa (ISBN 9061693411) 1992 - De kroon en de mestvork 1998 - Ben ik eigenlijk wel paars genoeg? 2003 - De afrekening. Kroniek van het lange jaar 2002 (ISBN 9061696860) 2005 - Het vooroudergevoel. De vaderlandse geschiedenis (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 9025427510) 2005 - Waar is de Tachtigjarige Oorlog gebleven? 2006 - Er was eens een God. Bibelske skiednis (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 9025426166) 2008 - Nederland in twaalf moorden: niets is zo veranderlijk als onze identiteit. (tegearre mei Jan Blokker jr. en Bas Blokker. ISBN 902542564X) 2010 - Nederlandse journalisten houden niet van journalistiek
Keppeling om utens Auteursside útjouwerij De Harmonie Volkskrant 21 jannewaris 2007: Machiavellipriis foar Jan Blokker
Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Nederlânsk polityk skriuwer Kategory:Nederlânsk ateïst Kategory:Persoan berne yn 1927 Kategory:Persoan stoarn yn 2010