thumb|right|300px|States om Berltsum en Wier Adelenstate wie in state by Berltsum yn de gemeente Menameradiel. It ûntstean is ûnbekend, der is ek neat mear fan werom te finen. Yn âlde boarnen wurdt neamd dat yn Berltsum in stins/state fan de famylje Adelen stien hat, dy't fan âlds út Seisbierrum kamen.

De "Tegenwoordige Staat der Vereenigde Nederlanden; 14e diel" neamt om 1775: Weleer zag men hier ook nog de Staten Adelen en Eyssinga; doch deze beiden zijn ook reeds voor veele jaaren vernietigd.

It is net mei wissichheid te sizzen wêr't dizze state stien hat, mar mooglik wie dit de s(t)ate tusken Berltsum en Wier dy't Eekhoff neamd ûnder de namme Hooghiem en ek bekend stiet as Asinga.

Kategory:Berltsum Kategory:State Kategory:Eardere stins of state yn Fryslân Kategory:Stins of state yn Menameradiel Kategory:Stins of state yn De Waadhoeke Kategory:Bouwurk sloopt yn de 18e iuw