thumb|Lizzing yn de gemeente Felsen thumb|left|De Herfoarme tsjerke

Santpoort is in doarp yn de gemeente Felsen, yn de provinsje Noard-Hollân. It plak bestiet tsjintwurdich út de kearnen Santpoort-Noard en Santpoort-Súd. Yn 2006 wienen der 10.142 ynwenners, 6973 yn Santpoort-Noard en 3169 yn Santpoort-Súd.

Alle jierren wurdt op de earste tongersdei fan augustus in koartebaandraverij organisearre troch de Harddraverij Vereniging Santpoort & Omstreken. Dan wurdt ek de tradisjonele feestwike holden, fan de sneons foar oant en mei de sneons nei de draverij.

Santpoort leit aan de autosnelwei A208 en oan it spoar Haarlim - Uitgeest. Beide parten fan it doarp hawwe in NS-stasjon: stasjon Santpoort Noard en stasjon Santpoort Súd.

Santpoort-Noard hat de nôtmûne De Zandhaas; teffens fynt men hjir de grutste en âldste hânbôgeskutterij fan Nederlân: Vzos.

Yn Santpoort-Súd leit ek de ruïne fan kastiel Brederode.

Bekende ynwenners

Berne yn Santpoort Adriaan de Groot (26 oktober 1914-2006), psycholooch Wim Rigter (12 maart 1967-2004), radiopresintator Peter Klashorst, keunstskilder Niels Meijer, prof-basketballer Reinier van den Berg (5 april 1962), meteorolooch Philippus Jacobus Hoedemaker, teolooch Dick Schoof (1957), minister-presidint

Wenne hawwe yn Santpoort Pieter Wispelwey, sellist René Descartes, 17e-iuwsk filosoof, fan 1637 oant 1641. Martijn Kolkman, radiopresintator fan Q-music en telefyzjestim. Gerrit van Houten, keunstskilder Nine van der Schaaf, dichteresse en skriuwster fan Frysk komôf. Madelon Székely-Lulofs, skriuwster Jacobus Theodoor Cremer, minister fan Koloanjes (Swol 30-6-1847 - Amsterdam 14-8-1923), wenne de lêste jierren fan syn libben op it lângoed Duin en Kruidberg yn Santpoort. Jaap Eden, reedrider en hurdfytser. Menno Wigman, dichter

Keppeling om utens Webstee fan 'e gemeente Felsen

thumb|700px|Ruïne fan kastiel Brederode

Kategory:Plak yn Felsen