Jacob Haantjes (Renkum, 1 septimber 1899 – Goes, 3 augustus 1956) wie in learaar, doktor yn de letterkunde.
Hy wie de soan fan in Fryske ûnderwizer, ek in Jacob, dy’t yn Renkum oan skoalle stie. Letter hat er ûnder oaren yn Ouddorp, Wommels (1907-09) en Ljouwert (1911-23) wenne, omdat syn heit geregeldwei fan baan feroare. Haantjes promovearre yn 1929 op: Gysbert Japicx, Fries dichter uit de 17e eeuw. Yn’e mande mei G. G. Kloeke joech er Drei friesische Hochzeitgedichte út (1929).
Haantjes wie sân jier lektor yn Londen en Oxford, dêrnei learaar yn Doetinchem, Zeist en Sutfen.
Literatuer , Oantinken oan Jacob Haantjes (1899-1956, meast út syn briefwiksel, 1960) J.H. Brouwer, J. Haantjes en P. Sipma, Gysbert Japicx wurken (letter ek oantekenings, 1966)
Keppeling om utens Wiidweidige biografy Haantjes by de DBNL
Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Frysk ûnderwizer Kategory:Frysk letterkundige Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Feluwsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1899 Kategory:Persoan stoarn yn 1956