thumb|250px|right|Flagge fan de Oranjerivierkoloanje
De Oranjerivierkoloanje wie in Britske koloanje dy’t oprjochte waard yn 1900, nei de Twadde Boere-oarloch. It gebiet komt oerien mei de oermastere Oranje Frijsteat.
Fjildmaarskalk Roberts oermastere Bloemfontein op 28 maaie 1900, it gebiet waard offisjeel anneksearre op 6 oktober. Alfred Milner waard de earste gûverneur op 4 jannewaris 1901. De befolking woe it leafst selsbestjoer en dat soe barre yn 1907. Yn 1910 waard it gebiet tafoege by de nije uny fan Súd-Afrika as de Oranje Vrijstaatprovincie. It gebiet wurdt hjoed-de-dei de Frijsteatprovinsje neamd.
Kategory:Skiednis fan Súd-Afrika Kategory:Oranje Frijsteat (lân) Kategory:Britske koloanje Kategory:Koloanje yn Afrika Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1902 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 1910