thumb|275px|Middenrin fan de Om by Koejbysjev De Om (Russysk: Омь) is in Russyske rivier yn it suden fan it West-Sibearysk Leechlân. It is in sydrivier fan de Irtysj yn it streamgebiet fan de Ob. De rivier ûntspringt yn de Vasjoegansompen op de grins fan de oblasten Novosibirsk en Tomsk. De rivier streamt troch de oblasten Novosibirsk en Omsk. Sydrivieren binne de Itsja, Oegoermanka, Oezakla, Kama en Tartas. Totale lingte is 1091 km. De Om is fan ein oktober/begjin novimber ôf oant april/begjin maaie berferzen.

De wichtichste stêden oan de rivier binne Barabinsk, Kalatsjinsk, Koejbysjev en Omsk (by de ynstream yn de Irtysj).

Infrastruktuer en gebrûk By heechwetter is de Om oant Kuibyschew befarbar, mar de rivier jildt net as in offisjeel binnenfeartwetter.Liste der Binnenwasserstraßen der Russischen Föderation (Feroardering fan it regear fan 19 desimber 2002, russysk) Parallel oan de midden- en ûnderrin fan de rivier leit de Trans-Sibearyske spoar.

Hydrometry

Wetter troch de Om (yn m³/sekonde) by it hydrometrysk stasjon fan KalatsjinskTrochsneed oer 64 jier

Kategory:Rivier yn Sibearje