Oanlieding om in jierliks iepenloftspul te begjinnen wie it ynstoarten fan de toer fan de tsjerke fan Jorwert op 25 augustus 1951. De toer ûndergie krekt in grutte restauraasjebeurt.
De Jorwerters besochten út alle macht de toer werom te krijen. Se ha doe in aksje hâlden om jild foar de toer te sammeljen. Dat slagge bûtengewoan. Twa jier letter ha sa'n fyftich Jorwerters it earste iepenloftspul oer it fuotljocht brocht, út tankberens foar it jild dat út alle hoeken en hernen fan it lân binnenkaam wie.
De earste útfiering wie de basis foar in jierlikse happening dy't yn de rin fan de jierren útwoeksen is ta in Frysk kultureel barren. Ier yn de maitiid begjinne de spilers mei de repetysjes dy't in hiele simmer duorje sille. In spesjale bou-ploech is faak moannen yn it spier mei it dekôr.
Yn it lêst fan augustus en yn septimber binne de útfieringen. Alle jierren stelt de Jorwerter notaris syn tún beskikber foar dit iepenloftspektakel.
De Fryske skriuwer Jan Schotanus soarget faak foar de oersetting fan net Frysktalige stikken. Romke Toering hat mear as 30 jier de rezjy hân by it Jorwerter Iepenloftspul. Hy waard yn 2007 opfolge troch Tjerk Kooistra.
Mei troch it súkses fan it iepenloftspul is der in berne-iepenloftspul opsetten, dêr't allinne bern yn spylje. Dit iepenloftspul brûkte it dekor fan it 'grutte' iepenloftspul om eigen stikken op te fieren. Doe't dúdlik waard dat it berne-iepenloftspul tige súksesfol wie, waard de ôfstimming fan it dekor mei it 'grutte' spul hieltyd dreger en is it nei Easterwierrum ta ferhuze, wêr't no yn de pastorytún fan de Roomske tsjerke spile wurdt.
Oersjoch fan de spile stikken
<TABLE><TD WIDTH="50" VALIGN="top"> Jier</B> 2014 2013 2012 2011 2010 2009 2008 2007 2006 2005 2004 2003 2002 2001 2000 1999 1998 1997 1996 1995 1994 1993 1992 1991 1990 1989 1988 1987 1986 1985 1984 1983 1982 1981 1980 1979 1978 1977 1976 1975 1974 1973 1972 1971 1970 1969 1968 1967 1966 1965 1964 1963 1962 1961 1960 1959 1958 1957 1956 1954 </TD>Foarstelling Maraton De kloklieder fan Nijdaam De Goede, de Minne en de Lillike Bohemia It Feest Tuskentiid Jou my wjukken Dûbele Nelson Full Monty - Alles út Kabaret Op hoop fan segen Ik wol spylje Feint fan twa Masters Utblaasd Venetiaans Karnaval Zorbá Slauerhoff & Jorwert Oliver In sinterske opera Anatevka Midsimmernachtdream Myn leave Lyske In healegeare hear De bochel fan de Notre Dame De tolfte nacht (of:Wat jo wolle) Don Camillo en de lytse wrâld De nepert De fleurige froulju Bommel en de Frisomanen Sirkus Knie Don Quichot yn Fryslân Bombaarje om Bombaarje Tijl Ulespegel Heit dêr leit in lyk Dûnsjende dieven Rûzewyntsje Fanfarella De boargerman-edelman Amor by 't ammerfol Yn 'e wite guds De waeijer Harten is troef Yn 't eibertsnêst Op 't kantsje ôf Lyk om lyk It doarp wol bestean Heibel om Hylpen De helt fan Waterloo Don Quichot op 'e brulloft... Tûkelteammen om Amor Dindo Maroije Fanfarella In dream yn 'e simmer De spylman fan it roekefeest It doarp wol bestean It singelier geheim De seinekeapman De útdrager De rike skoaijer Fokke Hoara De klokken fan JorwertSkriuwer
oersetting: Jan Schotanus Herman Heijermans Tom Stoppard Mark Norman Carlo Goldoni Mark Herman - Paul Allen Carlo Goldoni Joseph Stein Gerrit Jan Zwier Lionel Bart Bertolt Brecht Joseph Stein W.Shakespeare G.B. Shaw Molière Harry Geelen W.Shakespeare Giovannino Guareschi J.B.Molière W.Shakespeare Klaas Jansma Carl Zuckmayer Jan Naaijkens Nickolas Udall Jan Naaijkens Renzo Tarabusi - Giuolo Scarnicci Jean Anouilh Jan Naaijkens Jan Naaijkens J.B.Molière Jan Naaijkens Blumental Carlo Goldoni Bram v.d.Lyke Henri 't Sas Harry v.d. Wouden Jan Naaijkens Piter Terpstra Carlo Goldoni Jan Naaijkens Pieter Langendijk Ugo Betti Marin Drzic Jan Naaijkens W.Chris Duba Piter Terpstra Piter Terpstra Douwe Kiestra Ype Poortinga Barend van der Veen Douwe Kiestra Barend van der Veen Douwe Kiestra Roel Oostra</TABLE>
Keppeling om utens De thússide fan it Jorwerter Iepenloftspul
Jorwert Kategory:Teaterfoarstelling yn Fryslân Kategory:Jorwert Kategory:Weromkearend evenemint ynsteld yn 1951